Algemeen

Trije subsydzjeregelingen iepen foar inisjatyfrike Friezen

Friezen mei in goed idee om ’e leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 12 septimber 2022 ôf wer ûnderskate subsydzjes oanfreegje fia Streekwurk. It Iepen Mienskipsfûns, de Europeeske regeling LEADER en it Regiofûns wurde tagelyk iepensteld. Yn dizze subsydzje-omgong komt dêrmei foar hiel Fryslân omtrint 2 miljoen euro beskikber. 

Subsydzjeregelingen op mjitte
Foar leefberensinisjativen yn hiel Fryslân is subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) fan de provinsje Fryslân beskikber. Yn ’e regio’s Noardeast-Fryslân wurdt dêrnjonken subsydzje út ’e Europeeske regeling LEADER iepensteld foar it fersterkjen fan it plattelân. It Regiofûns jildt foar gruttere projekten yn Súdeast-Fryslân dy’t oer gemeentegrinzen hinne geane. Op 12 septimber wurde alle regelingen iepensteld. Oanfragen foar it Iepen Mienskipsfûns en it Regiofûns moatte op syn lêst 3 oktober ynkommen wêze, foar LEADER kin o/m 20 oktober 2022 oanfrege wurde.

Fan ûnderen op
In wichtich útgongspunt is, dat ynwenners sels útmeitsje wat oft fan belang is foar de leefberens yn harren gebiet en ’e projekten sels ek opsette. It doel is om by te dragen oan lokale ynnovaasje, de leefberens te befoarderjen en ’e wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft te stimulearjen.

Streekwurk
De projektadviseurs fan Streekwurk besjogge oft it idee foar de subsydzje yn oanmerking komt en helpe by de oanfraach. By de fiif projektburo’s, ferspraat oer de provinsje, kinne inisjatyfnimmers terjochte foar ynformaasje, stipe en antwurden op harren fragen. Mear ynformaasje is te finen op www.streekwurk.frl.