Algemeen

Tsjerkepaad 2022
Marsum, Ingelum, Bitgummole en Bitgum

Gelokkich lit de korona ús efkers mei rêst en kinne wy ús fytsrûntsje mei de fjouwer tsjerken wer meitsje. In moaie fytstocht troch it âlde lân grinzjend oan de âlde Middelsee docht ús tsjerken oan, in route is te krijen by de tsjerken. Oan’t en mei 27 augustus binne de tsjerken fan Marsum, Ingelum, Bitgummole en Bitgum alle sneonen wer iepen fan 13.30 oere oan’t 17.00 oere.

In prachtige kâns, ek foar de net tsjerkegongers, om dizze monumintale pronkstikken fan binnen te bewûnderjen en de oargelklanken te belústerjen. De kofje stiet altyd klear. Der leit in fyts-routekaart yn alle tsjerken, dy’t alle fjouwer tsjerken oandocht.

Marsum, mei syn prachtich  monumintaal en ryk 17e- ieus barok ynterieur û.o de hearebanken. Dizze tsjerke mei it prachtige Potaslot is it pronkstik fan ús doarpen, alles hat de sfear út ferfleine jierren en dy kin dêr sûnder fierdere oanfollings opsnúfd wurde. Der is in spesiaal programma yn gearwurking mei Poptaslot.

Bitgummole, foarbyld fan in teätrale bou en  bank-opstelling in tsjerke mei artdeco trekken út it begjin fan de 20ste ieu. Genietsje fan in prachtich ljochtspul as de sinne meiwurket, troch de kleurrike monumintale ruten.

Bitgum, sober mar smaakfol in 17e-ieusk barok ynterieur yn it lêste part fan de 19e ieu oanfuld mei neoklassisistyske eleminten. De hjoeddeiske tsjerke  hat dit jier 350 jier bestien De grêfkelder fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg yn it koar fan de tsjerke is dit jier wer iepen. Fierders is hjir te sjen in makette fan it bysûnder moaie slot Groot Terhorne of Martena state, fan de Martena’s, Grombach en letter de Schwartzenberg’s.dat hjir oan’t 1879 ta stien hat. Ek sil der in eksposysje fan ferskate skilderijen, makke troch doarpsgenoaten te sjen wêze.

Ingelum, smûk en lyts, mei in ryk byldhoude sark ûnder de monumintale preekstoel dy’t rêden is by de grutte brân en ferline jier wer restaurearre en poetst is, ek is it meubilêr oanfuld mei eardere stikken dy’t jierren lyn ferkocht wiene en no wer in wolkomme oanfulling fan it ynterieur binne. Ek in bysûnder harmoanium is wer yn de tsjerke werom kommen.

Fierders is der yn Ingelum en Bitgum de mooglikheid ta it opstekken fan in kearske ta oantinken oan jo dierbere ferstoarnen.