Algemeen

Vader en zoon, oandwaanlike teaterdialooch yn De Bining Koarnjum

Op sneon 13 novimber om 20.00 oere spilet Tryater de foarstelling Vader en zoon by De Bining yn Koarnjum. Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans Vader en Zoon. No stean se wer tegearre op it toaniel mei Vader en zoon, mar der is wol wat feroare. 

Yn de foarstelling fan tweintich jier lyn hie heit lêst fan in midlifecrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifecrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars?  Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman krigen alle seis de opdracht om in sêne te skriuwen. Troch Jan Veldman en regisseur Liesbeth Colthof binne dy op keunstige wize mei elkoar ferflochten ta it úteinlike skript. Vader en zoon is in spul tusken feit en fiksje, doe en no. In hertstochtlik petear oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doare litte. De foarstelling is foar in grut part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk. Vader en zoon is in koproduksje fan Tryater en Theater Producties Wittermans. Joop Wittermans spile yn tv-searjes as GTST, Vrouwenvleugel en Fort Alpha. Dêrneist is er bekend fan tal fan teaterrollen. By Tryater wie er ûnder mear te sjen yn Karlsson fan it dak en Trouwerijen en rjochtsaken ensf. Mads Wittermans wie fan jongs ôf te sjen yn ferskate teater-, film-, en tv-produksjes. Sa spile er û.o. yn Van God Los, Penoza en Scheepsjongens van Bontekoe. 

By Tryater spile er ûnder mear yn Raze om Protters. Tsjinwurdich makket en produsearret er by Theater Producties Wittermans syn eigen foarstellingen.

Tekst Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman | Spul Joop Wittermans, Mads Wittermans | Regy Liesbeth Coltof | Dramaturgy Jan Veldman | Foarmjouwing Guus van Geffen | Kostúms Mathilde van der Hoop

Foar de foarstellingen wurdt rekken hâlden mei de maatregels fan it RIVM. 

Kaarten bestelle fia tryater.nl/show/vaderenzoon/

Freed 10 dec. om 20.00 oere Holwert  

Freed 17 dec. om 20.00 oere Hijum 

Sneon 18 dec. om 20.00 oere Ljouwert