Algemeen

Soms stiet der sa’n berjocht yn de krante, dat mear fragen opropt, dan dat it fragen beantwurdet. Sa stie der fan ‘e wike yn: “Leven op maan in kuilen wel mogelijk”. Dat is dan sa’n berjocht werfan ik tink: “wat moat ik hjir no mei?” Nasa hat útfûn, dat der djippe kûlen op de moanne binne fan wol sa’n 100 meter djip. Dy kûle hat wer in oerkaping en dêrûnder is de temperatuer konstant, sa’n 17 graden. Prima temperatuer om yn te libjen. Mar dêrbûten skynt de sinne 15 dagen lang sûnder ûnderbrekking en wurdt it 150 graden. Dêrnei skynt de sinne dus dyselde 15 nachten net en wurdt it 170 graden ûnder 0. Dat hâldt dan yn, dat men op de moanne allinne yn in grottestelsel libje kin?

Och, sa binne wy hjir op ierde miskien ek wol begongen, dus werom net?De fraach is fansels, wat ha wy te sykjen op de moanne (of op Mars of wêr dan ek)? Want der is gjin suerstof, en dat ha wy beslist nedich. Dus behalve de temperatuer is der noch wol mear oan de hân. It ferbouwen fan iten liket my ek in útdaging, al wurde dêr wol allerhande eksperimenten mei dien. Net allinne foar de moanne trouwens, mar ek om op Mars griente te ferbouwen. Wêr komt wetter wei, fjoer? Ik moat oan de fjouwer wichtige elementen hjir op ierde tinke: grûn, wetter, fjoer en lucht (wyn). Dat is fan it grutste belang foar ús om yn libben te bliuwen. Wat sykje wy dan op de moanne, of op in oare planeet?

Jimme sjogge wol, sa’n stikje bringt my allinne mar fierder fan hûs. Teminste yn myn tinzen. Ik sjoch dêr dat groepke minsken sitten ûnder dy rots. Yn dy 15 dagen dat de sinne skynt, sil der ljocht wêze, mar dy oare 15 dagen? Dat groepke minsken sit dêr dus te heukerjen ûnder dy rots. Besiket dêr, op hokker wize dan ek, wat griente te kweken. Sil op ien of oare menier in wize fine om yn elts gefal wetter te meitsjen en fjoer om iten klear te meitsjen. Wat in gedoch! Sûnder beademing kinne se net, dus der sil konstant in beademer wêze moatte, dus wat op of om de holle.Stel, dat dit allegearre slagget, en se ha genôch iten en drinken, en lucht om te sykheljen. Wat moat men dan yn sa’n grot? Even te boadskipjen hoecht net. In eintsje fytse of farre sil der net by wêze. Gesellich in terraske pikke of de stêd yn: liket my net. Mei elkoar prate moat mei in mikrofoan nim ik oan. Befoardert de kommunikaasje ek al net. Miskien wurde der húskes boud, mei soerstof der yn. Mar dan sit men yn de eigen bubbel. No, wy ha de lêste jierren al genôch eigen bubbels hân hjir, dus dy sykje wy net op de moanne.Fansels, it wurdt hjir op ierde wol wat oan de folle kant. Mar it is net oeral fol. Der binne altyd noch minsken, dy’t hjir plakken fine, dy’t fier fan de gewoane wrâld lizze. Minsken dy’t ek kieze foar in libben yn ôfsûndering. Dy’t ek net even nei de stêd kinne. Dy’t ek net even boadskipje kinne. Dy’t ek min of mear yn de eigen bubbel libje. Mar dy hawwe wol gewoan dei en nacht. Soms wol wat ekstreme temperatueren, mar se kinne der yn wenje. Se hawwe ierde, wetter, fjoer en lucht genôch.En as it moat, kinne se altyd wer werom nei de bewenne wrâld. Sy krije noch besite (fan Floortje) en binne net oerlevere oan de grillen fan in moanne of in frjemde lege planeet.Dus is myn grutste fraach fansels: wêrom soene wy op de moanne wenje wolle? Ik kin der gjin sinnich antwurd op fine. En dan tink ik: hoefolle jild soe hjir wol net mei anneks wêze, mei al dy ûndersiken nei alles wat der yn de romte is. Wy wolle hieltyd mear, kennis is macht….

Op fakânsje nei Mars, op fakânsje nei de moanne? In plesierreiske de romte yn, dat is al mooglik. Wylts der noch safolle ferbettere wurde moat hjir op dizze ierde. As wy dêr dan ris mei begongen. Der sille altyd minsken bliuwe, dy’t dreame fan grutte reizen bûten dizze ierde. Dat is fan alle tiden. En it liket allegearre ticht by te wêzen.

Elk mei syn dreamen ha. Jimme snappe wol, dat dit soarte fan dreamen net oan my bestege is...