Algemeen

Winners ‘trouwe yn de Steateseal’ bekend

De 31-jierrige Jan Douwe van der Meer út Hallum en de 28-jierrige Janieke Steenstra en binne it lokkige pear dat yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert trouwe mei. Omdat de Steateseal fan ’t jier 125 jier yn gebrûk is, wurdt de seal yn it jubileumjier ien kear iepensteld foar it sluten fan in houlik troch de kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok.

Alle pearen út Fryslân mei trouplannen koene yn de ôfrûne tiid kâns meitsje op trouwe yn de histoaryske debatseal. Dêrfoar moast antwurd jûn wurde op de fraach wêrom’t it pear yn de Steateseal trouwe moatte soe.

 

Klaaiklute en Wâldpyk  

Jan Douwe in klaaiklute en Janieke is, sa’t sy sels oanjout, in wâldpyk. Se kenne inoar goed seis jier en binne fan de earste kear ôf altyd byinoar. Oer trouwe hawwe se in soad praat, mar ta in datum kaam it noch net. Oant de oprop foar trouwe yn de Steateseal foarby kaam, dat wie neffens harren de perfekte lokaasje om inoar it ja-wurd te jaan.

 

Prinses Sissi as tema
It pear hat inoar yn Ljouwert kennen leard. De dream fan Janieke is om har op har troudei as prinses Sissi te fielen, de jonge keizerin út de romantyske films mei deselde namme út de jierren 50. De Steateseal liket neffens it oansteande breidspear op in paleis of in katedraal út de Sissi-films en makket dêrom foar harren it trouplaatsje kompleet.

 

It tema Sissi joech foar kommissaris Brok de trochslach om de dream fan de wâldpyk en de klaaiklute yn ferfolling gean te litten. Yn ‘e mande mei it pear wurdt no sjoen nei in gaadlike troudatum. De ferwachting is dat it houlik noch foar de ein fan dit jier wêze sil.