Algemeen

Yn memoriam: Pieter Roorda

Ôfrûne 24 jannewaris is Pieter Roorda út Stiens op 38-jierrige leeftyd troch in slimme sykte ferstoarn. 

Pieter hat fanôf syn 17e jier ôf aktief west foar de FNP. Hy wie doedestiids it jongste skaadfraksje lid fan Ljouwerteradiel. Mar ek hat hy tige aktief west as bestjoerslid fan de ôfdieling Ljouwerteradiel en letter Ljouwert.  Kampanje fiere wie syn “lust en syn libben” sawol gemeentlik, provinsjaal, landlik as europeesk hy wie der gewoan. Ek wie syn sitting op it stimburo in fêst werom kommend ritueel wat hy machtich fûn. Syn passy yn de fraksje fan de FNP wie it leefber hâlden fan de lytse doarpen, en it aktief belûken fan de jongerein by de polityk. Wy winskje syn frou Sigrid en krekt berne soan Jens Pieter en neiste famylje in hiele protte krêft ta de kommende tiid. Wy sille Pieter mei syn altyd fleurige karakter tige misse yn de fraksje en it bestjoer.

Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert