Kerken

Ek de klanken yn de Martinus tsjerke fan Bitgum binne wer optimaal

Net allinne yn’e toer, mar ek yn it skip fan de tsjerke fan Bitgum is de ôfrûne wiken, net tsjinsteande it Corona firus, gewoan troch arbeide.

De nij ynbrochte twadde klok soarge foar in hiel oar lûd yn en om it doarp Bitgum op woansdei 25 maart, doe’t foar it earst om 19.00 oere, nei 77 jier led wurde koe foar de aksje klokken fan hoop en treast mei twa klokken.

In lyts wûnder foar de generaasje fan nei de oarloch. Mar net allinne bûten, mar ek yn it skip fan de Martinus tsjerke binne de klanken wer optimaal. It oargel is ek behoarlik ûnder hannen nommen troch de oargelbouwers, ek dit ynstrumint frege om ûnderhâld.

Dit wie noadich om mei gewoane en bûtengewoane tsjinsten de gemeente te begelieden en foar konserten wer alle registers brûke te kinnen. Ek binne de pipen skjinmakke en opwreaun, in blinkend resultaat. De balch is fernijd en kin no wer genôch lucht yn’e laden krije om alle registers wer iepen te lûken by it sjongen en it spyljen.

Spitich dat er de earste wiken noch nimmen fan genietsje kin, mar ús hoop is noch net ferflein we dogge allegearre ús bêst om dizze krisis troch te kommen en hoopje dan mei ús beide klokken en it fernijde oargel de minsken fan Bitgum en Bitgummole en omkriten wer de fertroude lûden fan de Martinus tsjerke hearre te litten.