Algemeen

Al wer in pear jier ferlyn stienen wy op in kamping dêr’t jûns in frou op in akkordeon oan it spyljen wie. Ik rekke mei har oan ’e praat en fertelde dat ik eartiids ek graach akkordeon spylje woe, mar dat it net slagge is. 

Dat it neat wurden is, hie allegear mei myn ynstelling te meitsjen. Foaral as bern seinde tocht ik dat it allegear samar gie. Ik woe graach in soad, mar hie it leafst dat it my oanwaaien kaam. Sa gie it ek mei it akkordeon spyljen. Ik tocht dat it samar gie, wylst ik gjin noat lêze koe. It hat hielendal myn eigen skuld west, want yn ’e tredde klasse fan ’e legere skoal-le haw ik muzykles hân. Om’t myn suster op ’e akkordeon spile, woe ik dat ek wol graach. Us mem fûn it ek wol goed en sadwaande gie ik ien kear yn ’e wike op tiisdeitemiddei nei muzykles.

 

Tiisdeitemiddei fuort-daliks nei skoaltiid kriich ik, mei noch in stik as wat bern, muzykles fan Pier Hoekstra fan ’e Gordyk en seach it al hielendal foar my, dat ik oer in wike as wat akkordeon spylje koe, krekt-en-gelyk as myn suster. 

No, ik kin jo fertelle dat it in grutte tsjinfaller wurden is. Want it earste wat wy krigen wie net in muzykynstrumint, mar in skrift. En as ik earne in hekel oan ha, dan is it in skrift, want dat betsjutte allegearre teory. En teory moatte jo leare, dat waait jo net oan. Yn it skrift, mei allegear linen, moasten we noaten opskriuwe. Streepkes, mei dêrop tekene aairûne boltsjes. Wite en swarte boltsjes mei in stokje omheech as nei ûnderen. Neffens my wienen se ek noch sûnder in stokje. As ik my net fersin hie it allegearre mei it do-re-mi te meitsjen. 

Ek moasten wy al rillegau mei in triangel rinne. Jo witte wol sa’n stielen trijehoekje oan in toutsje. As jo rjochts wienen dan moasten jo dat toutsje yn ’e lofterhân hâlde en mei in izeren pintsje, dat jo yn ’e rjochterhân hienen, koenen jo dan op it trijehoekje tikje. As jo lofts wienen dan gie dat krekt oarsom. 

Tagelyks moasten wy ek in rûntsje troch it lokaal rinne. Rinne en tagelyks tingelje. It hie wat mei ritmegefoel te meitsjen. En der hie ik gjin muoite mei, want it ritmegefoel siet der by my wol yn. Dat hat skynber al yn ’e genen sitten

Mar doe’t we in wike as wat letter noch net fierder wienen dan it skrift en de triangel wie foar my de lol der ôf. Noaten as gjin noaten, foar my wie der mar ien ding, ik woe ak-kordeon spylje. Thús hie ik fan myn suster al “Vader Jacob” leard. Ik koe it al hielendal út ’e holle spylje. Sadwaande wie ik thús al fierder dan op ’e muzykles fan Pier Hoekstra. As it sa moast dan hoegde it foar my net mear. 

It hat ek de reden west dat ik net oan de blokfluit takaam bin. Want it wie op it lêst safier dat as ik muzykles hie, ik wol mei myn skrift yn ’e fytstas nei skoalle gie, mar út skoalle wei net nei muzykles, mar mei de oare jonges fuotbaljen gie. As de oare bern wer út ’e muzykles kamen dan gie ik ek wer op hûs oan. Dat ha ’k in pear wike folholden oan’t ús mem der efter kaam dat ik de boel besoademitere. 

It wie doe ek fuortendaliks ôfrûn mei de muzyklessen. Ik ha ek nea wer nei in muzykynstrumint taald. Ek al om’t doedes-tiids myn suster rillegau dêrnei har akkordeon ynruile hat foar in bern. 

No stie ik op in kamping tsjin in frou te praten dat ik graach akkordeon spylje wold hie, mar gjin akkordeon hie. Neffens har wie dat gjin probleem om’t sy thús noch in akkordeon stean hie dy’t ik wol keapje koe. Net sa’n grutten, mar foar in begjinner as my bêst genôch. Sûnder te sjen haw ik doe dy akkordeon fan har kocht. Nei de fakânsje haw ik him helle en doe’t ik thús kaam haw ik fuortdaliks de galgen oer de skouders slein. It gie oan, ik soe de skea fan 65 jier ynhelje en it “Vader Jacob” siet der al rillegau wer yn. Aanst soe ik yn it winterskoft der hielendal foar gean en takommend jier as in Johnny Holshuysen oer de kampings rinne. 

We binne no in pear jier fierder en ik moat skamsum tajaan dat it oars útpakt is. Ik bin oant no ta noch net fierder kaam dan “Vader Jacob”, om’t it my ek dizze kear wer net oanwaaien kaam is

 

hfdp@kpnmail.nl