Algemeen

Column: Alde Sije (diel 3)

Op in kamping yn de wâlden wienen Pyt en Elske fjirtjin dagen mei fakânsje yn de karavan fan harren buorlju, Bauke en Liesje. Beide famyljes wennen yn Amsterdam, wienen fan Fryske komôf en net allinnich buorlju mar ek freonen. Bauke en Liesje wienen alle fakânsjes en wykeinen nei de kamping en dat Pyt en Elske der no yn mochten hie syn reden. Want Bauke en Liesje wienen 35 jier troud west en hienen doe, fan de bern, in reis oanbean krigen nei Griekelân. Dat wie wat! Se wienen noch nea nei it bûtenlân west, hienen noch nea flein en wienen ek net fan doel om dat ea te dwaan. Wêrom soenen je dat ek wolle as je sa ‘n daalders plakje hienen op in kamping yn it heitelân? Eins like it har wol op fleanen om dêr hinne en wienen se net iens sa bliid mei it kado. Mar dat koenen je mei goed fatsoen net sizze fansels en it al hielendal net ôfslaan! Dus it soe heve.

Mar dêr moast wol it ien en oar foar regele wurde sa as koffers keapje. Dy hienen se net. Alles wat mei nei de kamping moast kaam gewoan yn doazen. Ek in reisfersekering moast der kommen mar wat it wichtigste wie, se moasten in plakje ha foar Tommy, it hûntsje.

Dy gie altyd mei nei de kamping mar koe no net mei nei Griekelân. Omdat Elske altyd op de blommen paste as se langer nei de kamping gienen en sy beide it hûntsje goed koenen fregen se of sy sa lang ek op him passe woenen en dat gie oan.

Sa krige Tommy in skoft ûnderdak by de buorlju. Om de twa dagen teach Elske mei Tommy nei syn thús om de blommen dêr wetter te jaan. It bist fleach dan fan ûnderen nei boppen en wer werom en socht om syn baaskes. Elske fûn dat wol bêst, want as der hjir of dêr al wat libben guod wie, naam hy dat wol mei en soe der net yniens in eksploasje komme fan flieën. Pyt gie deis twa kear in ein om mei Tommy en doe de twa wike om wienen, wienen se earst súver ûnwennich fan it bist! Tommy lykwols wie hiel bliid doe er syn baaskes wer seach. Hy blafte en jankte dat it wat die en sprong har, fan klearebarre oerstjoerens, hast oan de strôt ta!  

Mar doe kaam de ferrassing, want as betankje mochten Pyt en Elske twa wike yn harren karavan mei fakânsje. Geweldich!  Se wienen dêr no in dei as wat en hienen der alris mei de fyts op út west, dy by de karavan stienen. Yn de buert fan Frjentsjer hienen se har jonge jierren troch brocht en dêr hienen se al, mei de auto, famylje besocht.

 

Mar hjoed wie it in frijwat griize dei en dêrom fermakken se har binnendoor mei in goed boek en wat puzzelboekjes. It wie noch betiid yn it jier en net drok op de kamping. It earste wyk-ein wie it dêr bêst goed beset west, mar no stie der op har fjildsje allinnich in lytse karavan bewenne troch twa jongens en op it oare fjild wienen noch trije beset.

Op ‘e neimiddei, wylst Elske in bakje kofje sette, kamen de beide jongens thús mei de auto en dy hellen de angels en in pûde mei fisk út de kofferbak. Elske sei tsjin Pyt: ‘Dêr binne de jongens wer, dy binne útfiske seker en sa te sjen ha se net folle fongen want der sit hast neat yn de pûde. Mar je, sil ik se freegje foar in bakje kofje?’  ‘Nee je, dy jongens ha de hiele dei oan it fiskjen west. Dy geane drekst te doesen en dan in bierke drinken.’  ‘O, no ja, ik tocht do wolst miskien hjir wol in pear praters ha. Wy ha hjoed noch mei gjin minsk praat en der ek noch net efkes út west.’

‘Dat hoecht ek net wol, wy ha fakânsje!’ ‘Dat is sa, mar dêrom kinne je noch wol efkes mei je buorlju prate. Ik wol trouwens aanst ek noch nei de winkel. Efkes mei de kont op ‘e fyts en dan helje wy in fleske wyn. Ik ha jûn wol sin oan in romerfol.’

‘Ja, in wyntsje ha ik ek wol sin oan, mar dan geane we mei de auto!’  

‘Wêrom dat? Wy kinne bêst te fytsen!’  

‘Dan giest mar allinnich, ik bin wat grou liivich en wol net mear te fytsen!’

‘Okay, dan mar mei de auto, mar dan geane we jûn noch in ein te rinnen, want ik wol der noch efkes út!’ ‘Dat is goed, mar hast de kofje klear, aanst binne de winkels ticht en kinst nei dyn wyntsje fluitsje.’  ‘Ja, ik sil ynjitte!’ Nei de kofje rûnen se mei in boadskiptas nei de auto en by de lytse karavan koe Elske it ek net litte om der efkes hinne te rinnen en troch it rútsje te roppen: ‘Jullie hebben zeker niet veel gevangen, wilden de visjes niet bijten?’  

Ien fan de jongens skodde de holle en sei: ‘Nee de oogst was niet groot, maar morgen beter!’  Elske stuts de tomme omheech en rûn nei de auto 

 Etie Pasma, Stiens 2023