Algemeen

Column: Boppe de holle

Doe’t wy der efterkamen dat wy it grûnkleed fan de foartinte yn Britsum efter litten hienen, haw ik de kampingbehearder frege as hy ek in kleed foar ús hie. “Seker haw ik dy”, sei hy, “Ik bring straks wol ien by jimme”.

It wie net de earste kear dat wy op dizze moaie buorkerijkamping yn Gaasterlân stienen, mar wol de earste kear mei Pinkster. Gaasterlân hat wol wat, fine wy, mar dizze kear foel dat tsjin. Wetter, wyn en nochris wetter. Wy kamen oan mei reinwetter en Piet joech ek al net sokke moaie foarútsichten. Doe’t alles teplak stie hawwe wy ek net wer út de karavan wei west. Ja, krekt even doe’t de behearder mei it grûnkleed kaam. It bleau mar reinen en de oare deis wienen we bliid dat wy mei droege fuotten by de húskes komme koenen. 

De kamping dêr’t wy stean wurdt beheard troch in “jong” stel fan middelbere leeftiid. Bûten dat hy wurket by de gemeente en sy in kapsalon oan hûs hat, stekke se alle tiid yn harren moaie, skjinne en romme kamping mei útsjoch oer de greiden. 

Nei in pear dagen rekke ik, wylst ik allinne yn it wasksintrum oan it ôfwaskjen wie, mei de behearder oan ’e praat. Wy hawwe in protte by de kop hân, mar it measte oer de natuer. Ik wist dat hy in fûleindich natuerminske wie, ek al om’t hy as ynge-nieur yn de boskbou ôfstudearre wie. 

Om harren kamping hinne is it in grut greidegebiet, wêr’t ek in protte wyld omslacht. Fûgelguod, mar ek aardich wat reeën. Capreolus capreolus, neffens de behearder. Dit om oan te jaan dat hy trochleart hie. Wêr’t hy him foaral oan steurde wie dat sommige boeren gjin each hawwe foar de natuer. En dan mei namme by de boeren mei eurotekens foar de eagen. Hy die it ferhaal fan in grutte boer dy’t gjin fjildwurk docht om bisten, mei namme reekealtsjes, te trasearjen. “As de man mei syn tsien-meter meander it lân del stoot, kin ik nei de tiid krekt sjen wêr’t in kealtsje kapot meand is. Kloften roeken komme der op ôf om de boel op te romjen”, begjint hy mei syn ferhaal. “Deselde boer dy’t safolle lân hat dat hy der sels wolris yn wei wurdt en op it lân fan oare boeren oan it meanen is. Deselde boer dy’t foarich jier fergetten is om it gers fan in stik lân te heljen. By dizze boer groeit it bedriuw him skynber boppe de holle”. 

Dan sjocht hy leaver syn oerbuorman, dy’t mei 75 kij in goed bestean hat en ek it nedige foar de natuer oer hat. “Foar dat de man meant giet hy it lân troch om it wyld safolle mooglik te sparjen. Ja, hy sil ek wolris in reekealtsje dea meane dy’t hy oer de kop sjoen hat. Mar as dat bart dan spatte him wol de triennen yn de eagen”. 

Wat it fûgeltsjeguod oanbelange wie de behearder koartôf.    “Eartiids tilde it hjir op fan de jonge fûgels, tsjintwurdich komt der net folle oan it fleanen ta. Wêr is no de ljurk?”, sei hy. Gelyk die hy mei de mûle it lûd fan de ljurk nei wêrfan ik mar oannaam ha dat it kloppe. “Eartiids sieten dy hjir by’t soad, no hast net ien mear. At se al net dea meand wurde, wurde se wol opfretten. Want it stikt hjir fan de foksen en stienmurden. No skynt de wolf hjir ek al om te rinnen”, kaam der noch efteroan. 

Doe’t ik de lêste kopkes ôfdroege hie, is ús petear ek einige. Ik gie wer nei de karavan en de behearder gie noch efkes by harren skiep sjen, dy’t ûnder in ôfdakje stienen. Droech en út ’e wyn. Hielendal yn ’t  gaas mei in skriktriedsje boppe lâns, “wolfproof”.

Nei in wike mei wyn en wetter, en wy wer oanstalten makken om fuort te gean, skeat ik de behearder oan om te sizzen dat it grûnkleed ek wer opteard klear lei. “O, moai datst it seist, want it hat der wol oan dat ik wit wêr’t dy kleden oeral lizze”, wie syn reaksje.

It sil dochs net sa wêze dat, by dizze jongknaap fan middelbere leeftiid, it bedriuw him ek al boppe de holle groeit!

 

 hfdp@kpnmail.nl