Algemeen

Column: Hijum, diel 2

In column oer Hijum, it doarp wêr ik hikke en tein bin. Miskien tinke jo, oer Hijum, dat lytse doarpke yn it noarden fan Fryslân? Is dêr wat oer te fertellen? Dat tink ik wol, want it is it doarp wêr ik al mear as 70 jier wenje en wêr ik hiel wat belibbe ha. 

Hijum wie en is, in lyts doarp mar dêr wienen hjir, sa rûn 1950, hiel wat bedriuwen. Yn it foarste plak de boeren sawol grutte as lytse. Us heit wie in lytse boer en wy wennen net op in boerderij, mar yn in gewoan hûs mei los dêrfan in bûthús, wat hokken foar it jongfee en de hynders. Heit hie it spul fan pake oernommen en dy holp him omdat hy net goed sjen en hearre koe en nachtblyn wie. Hy hie dy help nedich want it fee moast meast yn it tsjuster molken wurde. Gelokkich krigen heit en mem trije soannen dy al betiid meihelpe moasten. No wie meihelpen neat bysûnders want hast alle bern moesten thús meihelpe. Sa moast Wil foar syn heit, dy slachter wie yn Hallum, wol fleis rûn bringe nei de klanten. Grutte boeren hienen arbeiders, dy wennen mei de húshâlding yn in hûs fan de boer en krige wol molke en/of jirpels út it bedriuw, mar dêr moast ek oars wat op tafel komme. Foar dy deistige boadskippen koe men nei ien fan de krúdenierswinkeltsjes yn it doarp.

No roke der no net folle mear, mar eartiids smookte hast elk en yn de reklame sei men doe: “Er is geen man, die niet roken kan” en as in jonge begûn te roken, wie der fêst wol in âlde man dy frege: "Hast de boksen goed ticht bûn?"  Hawar, der wie dus in sigarenwinkel yn it doarp en foar de bern hienen se dêr dropkes en oar snobbersguod. LEKKER!

By de skeerbaas koenen je hierknippe en dêr moast ik ek hinne te knippen. De kapper frege dan oan mem, dy mei wie:‘Hoe moat se it ha, pônje of Frânse lok?’ Mear ‘coups’ hie er net en foar my wie dan de pony, wat hy dus ‘pônje’ neamde! De smid fan Hijum wie ferneamd troch it útfinen fan lânboumesines, mar fansels koe hy ek hynders beslaan en boereweinen oplapje. Hast oan it ein fan it doarp wenne de fytsmakker. Dat wie in hiel bysûndere man want hy sei tsjin alle bern dy er mar seach: ‘Do krijst fan my in lyts fytske, dat moast mar oan heit en mem fertelle!’ Sa makke hy reclame. Wy fertelden dat thús, mar heit en mem koenen dat ferhaaltsje en seinen: ‘Jawis, moai betocht, mar wy moatte betelje!’ Syn soan hie diggelguod in ‘e handel en gie dêrmei op in bakfyts by de doarren lâns. Der wennen twa bakkers yn it doarp dy sels bôle bakten, mar ek noch twa oaren dy mei bôleguod fan in oare bakker by de doarren lâns kamen. De molkboer kaam deis mei molke, sûpe en brij by de doarren lâns. Hy hie in bel en as er dy brûkte, dan kamen de froulju nei him ta mei in panne en tape hy út in molkbus wat se mar ha woenen. In hûs bouwe of ferbouwe litte, krekt as ús hûs dat te lyts wurden wie foar in húshâlding fan 7 minsken, koe yn Hijum dien wurde troch ien fan de twa timmerbedriuwen en de ferver fan it doarp soarge der foar dat alles wer strak yn ‘e ferve siet.  In frachtrider hienen wy hjir ek en dy soarge der foar as der wat út de stêd komme moast. Klompen en peteroalje wienen der op meardere plakken yn it doarp te krijen. As mienskips romten hienen we hjir in skoalle, twa tsjerken en in kafé. It kafé hiet ‘De Kampioen’ krekt as it doarpshûs no en dêr koenen je, neist in slokje, simmerdeis ek in ijsko keapje. Okay ijs, wit ik noch wol. Yn de boppeseal fan it kafé koe men, sa no en dan, nei in tonieljûn mar dêr wienen ek wol dûnsjûnen. As der hjir wat barde wat net mocht dan kaam de Hijumer plysje der by. It wienen fêst gjin slimme saken en ik tink dat in bekeuring meast wie foar riden sûnder ljocht op ‘e fyts. Der wienen froulju yn ús doarp dy goed omgean koenen mei nudle en tried, sa as myn tante en dy makken wol, foar froulju dy dat betelje koenen, in nije jurk of in mantel. Der moast hjir hurd wurk wurde om it in bytsje goed te hawwen en om dan wat by te fertsjinjen gienen froulju, mei Sinteklaas en/of kryst, wol by de doarren lâns mei taai-taai, speculaaskes, borstplaat en oare fretterij. Der sille hjir fêst noch wol mear beroppen west ha, mar myn column is hast fol dêrom neam ik noch ien en dat is de baakster. Dêrfan wienen der meardere yn it doarp en ien dêrfan wie myn beppe Eelkje. Sy ha de measte bern, út Hijum, it earste himd oan dien. Dat wurk wie lykwols net om by te fertsjinjen, want it wie leafde wurk. Wol krige sy dêrfoar  meast in kadootsje, sa as in leppeltsje, in hândoek, in fleske klônje, in stikje sjippe of in pakje tee. Alhoewol dat net folle wie foar al it wurk dat se dêr dagen lang foar dienen,  murken dy baaksters wol dat de kreamfroulju oe sa tankber wienen foar harren kundige en leafdefolle help! En dat die harren ek goed!

Etie Pasma, Hijum 2022