Algemeen

Column: Hoe wurket it eins yn de boppekeamer?

It is my yn alle kursussen, webinars, trainingen en wat ik yn de ôfrûne 37 jier ek folge ha, altyd wer foarhâlden: de klant is te beynfloedzjen troch allerhande trúkjes. Psychologyske prizen, bepaalde opstellingen yn de winkel, plak fan de produkten op de toanbank, geuren, smaken, neam mar op.

Dus eins besykje wy ús klanten sa te bespyljen, dat se bepaalde produkten keapje, ek al wiene se dat fan te foaren net fan plan. Soks heart by it spultsje. Ik hoopje net, dat jimme no tinke, dat wy ús klanten willens en wetens foar de gek hâlde, of earne yn tuine litte. Sa wurket no ienkear.

Ik kaam hjir op,  doe’t it my opfoel, dat der hieltyd mear pompstasjons de diselpriis boppeoan sette, ynstee dy fan de gewoane bensine. 

Fansels binne de prizen op sich al psychologysk. 1,99.9 klinkt folle goedkeaper as 2,00. En dêr komt it fansels wol op del. Ik fyn soksoarte saken altyd wol moai om te sjen. Men wit hoe as it wurket, mar dochs is de earste priis dy’t men sjocht fan ynfloed op jins miening. De pompstasjons oan de grutte dyk lykje ynienen goedkeaper dan dat se fansels binne.

Fan ‘e wike koene wy it op de tillevyzje ek noch sjen yn it programma “Mindf*ck”. Der wie kofje te keap foar 1 euro en in muffins koste 4 euro. Der wie gjin ien dy’t in muffin kocht. Pas doe’t der in boardsje tuskenyn kaam mei in kop kofje en in muffin foar 4,25 (of soksewat), waarden de muffins tagelyk mei de kofje ferkocht. Fansels wie de muffin ek doe noch te djoer, mar it minsklik brein tinkt: “oanbieding, goedkeaper= keapje”. Dus in produkt fiersten-te-djoer oanbiede, en dan yn kombinaasje mei in oar produkt der in priis fan meitsje, wertroch it ynienen net mear djoer liket.

Wy tinke fansels allegearre dat wy dêr net yn traapje. Mar it gekke wie, dat de minsken dy’t ûnderfrege waarden, neidat se in muffin en kofje kocht hiene, eins allegearre wol yn de gaten hiene, dat se de muffin te djoer betelle hiene. En dochs kochten se him. 

Ik kin my foarstelle, dat jimme no allegearre tinke, dat it by ús yn de winkel ek sa wurket. Dus dat jimme op syn iepenst wêze moatte, sadree’t jimme in stap oer de drompel sette.

No, sa wurket it gelokkich net. Fansels ha wy ek wolris in “psychologysk”pryske. 4,95 klinkt no ienkear oars as 5,00. Mar om in produkt djoer te meitsjen om it yn kombinaasje mei wat oars goedkeap lykje te litten, dat giet my te fier. Wy moatte it dochs mear ha fan de sintugen. Sjen, rûke en soms priuwe. Dat wie mei de koroana net mear oan de oarder, mar wy hoopje dat fansels straks wer dwaan te kinnen. Dat fyn ik it moaiste fan ús fak. Net al dy trúkjes, om minsken mar keapje te litten, mar sjen en priuwe litte, wat wy meitsje. Dat is al 37 jier itjinge wat ik sa prachtich fyn oan ús fak. Witte, dat der moarn wer  alle- gearre farske bôlen op de planken stean. Dat der moarn wer koeke en koekjes, gebak en gean mar sa troch út dy ovens komme. Ik ha noch altyd bewûndering foar dy bakkers, dy’t elke dei wer mei safolle plesier yn dy waarme bakkerij steane om al dat lekkers te meitsjen. 

In kollegabakker sei oait ris: “It jout my in kik, as moarns de winkel wer fol leit. En as ik middeis dan sjoch dat alles wer leech is, is dat prachtich”. 

Sa is it mar krekt,. Dêr kin gjin “mindf*ck” trúkje tsjin op.

It resept is fan in lekker broadsje, klear te meitsjen yn de oven. Ideaal as in broadsje der al in pear dagen leit...

 

Ingrediënten:

2 (folkoaren)pistoletsjes

4 ytl. healfolle kwark

0,5 sipel

0,5 r eade piper

150 gr. rikke hinnefilet

1 advokado

1 ytl. maiskorrels

2 of 3 lytse tomaten

4 ytl. raspe âlde tsiis

rukola of sla

 

Ferwaarmje de oven foar op 180°C. Snij de broadsjes troch en smar de kwark der op. Skyl de sipel en snipperje him fijn. Snij de reade piper hiel fijn. Snij de tomaten yn blokjes. Lit de mais útlekke. Snij ek de hin en de skylde advokade yn tinne plakjes.

Lis de hin  en de advokado no as dakpannen op de broadsjes. Dan de sipel, piper, mais en tomaat der boppe op en as lêste de raspe tsiis. Tsien menuten yn de oven en dêrnei ite mei sla λ

 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.