Algemeen

Column: It begjint wer te kribeljen

Wer werom nei “normaal”, wy seagen der allegearre nei út. Mar wat is normaal? Ik merk yn de winkel, dat de measte minsken bewust of ûnbewust noch hieltyd wat ôfstân bewarje. Steane der fjouwer of fiif minsken yn de winkel, dan wurdt der eins altyd bûten even wachte. En ek yn de winkel wurdt der romte jûn as immen by de pin moat, of wat pakke wol.

Eins is dat ek wol moai: dat wy elkoar wat mear romte jouwe. Yn fysyk opsicht. Mar ek op in oare menier moatte wy romte jaan. Net elkenien lit him faksinearje. En ek dêr moat romte foar wêze, ek al is dat beslist net maklik. Foaral net as men heart, dat operaasjes útsteld wurde, om’t der gjin i.c.bêden mear oer binne fanwege de koroanapasjenten dy’t opnommen binne. 

Elk hat syn of har eigen ôfwegings as it giet om wol of net in koroanaprik helje. En wy libje gelokkich yn in lân, dat frijheid heech yn it faandel stean hat.

Elkoar de romte jaan, is dat wat der oer is fan dizze pandemy? It liket der op, dat wy hiel graach werom wolle nei it libben fan foar maart 2020. Mei ús “Oegandagroep” fan 4 jier lyn ha wy noch altyd in app groep. En no’t “alles” wer gewoan is, is it idee om in reüny te organisearjen yniens wer springlibben. Tafallich seach ik ek noch foto’s foarby kommen fan immen dy’t yn Kenia en Oeganda west wie. Alles liket dan wer sa tichtby en ek berikber. Ik merk it ek oan de minsken fan ús lêste Oegandareis: soene wy net nochris dy reis meitsje kinne? It like langer as in jier lang sa fier fuort, en miskien nea wer helber. Mar it begjint wer te kribeljen...

Oan de oare kant: de pandemy hat my wol oan it tinken set. It hat sjen litten hoe kwetsber as wy minsken binne. Ien firus en de wrâld leit plat. Fansels, der wurdt wer in faksin ûntwikkele, en wy geane troch mei ús libben. Miene wy. Mar hoe wif is de basis? Hoe wolle wy fierder mei dizze ierde? Wol ik noch wol fleane? Kin ik dat noch ferantwurdzje foar mysels? Is it net better, om fanút hjir de minsken stipe te jaan dêr yn Oeganda, sa as wy no ek al dogge? Is it nedich om dêr sels hinne te fleanen, sa as ik al in pear kear dien ha? Ik bin dêr foar mysels, as ik hiel earlik bin. Myn oanwêzigens dêr foeget neat, of hast neat ta foar de minsken dy’t dêr wenje en wurkje. Al wolle wy ússels fansels graach wiis meitsje, dat it wol útmakket as wy sels in bodobodo (soarte fan brommer) oanbiede om bôle mei te ferfieren. Twa jier letter hie gjinien mear in idee, fan wa’t se dy krigen hiene. It is allinne belangryk dàt se him krigen hiene. Dus...ja. Al kribelt it, it is foar myn gefoel noch net “normaal” om no fuort mar wer yn it fleantúch te stappen. 

Earst mar ris ôfwachtsje as de reüny der komt. Kinne wy mei elkoar wer even prate oer hoe as it wie, en dreame oer hoe as it miskien wer wurdt. Ik mei gelokkich takomme jier myn ferhaal oer Oeganda en Bake for Life ek wer dwaan foar in groep minsken. Earst dat mar oppakke dus. En de kribels even litte foar wat se binne...

 

Fulde bôle (mei in bûtenlânsk tintsje)

Ingrediënten.

1 rûne wite bôle

2 fijnhakke sipels

1 reade paprika yn blokjes

150 gr. tsiis yn blokjes

500 gr. heal om heal gehakt

2 tl koriander poeier

2 tl komijnpoeier

 l krûdnagelpoeier

 l kaniel

1 tl paprikapoeier

piper en sâlt

3 ytl olijfoalje

3 ytl. farske fijnsnijde peterseelje

1 blikje tomatepuree

 

Ferwaarmje de oven foar op 180ºC. Snij in plasse bôle fan de boppekant. Holje de bôle út en bewarje de krommels. Bak de paprika en sipels yn in pankoekspanne yn de oalje. Doch nei in pear menuten de krûden der by behalve de peterseelje. Bak wer 2 menuten. De fijnmakke bôle der by dwaan en bakke oant it begjint te kleurjen. Dêrnei de tomatepuree der troch dwaan en goed omskeppe. It gehakt der by dwaan yn frij grutte stikken.

De panne fan it fjoer helje en de tsiis en peterseelje der by dwaan. De útholle bôle mei it  mingsel fulle en de boppeste plasse der wer opdrukke. De bôle yn aluminiumfoolje dwaan mei de doffe kant nei bûten. 45 menuten bakke yn de oven 

 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.