Algemeen

We binne wer in stapke foarút. Der mei wer wat mear en ien fan dy dingen dy my oanspruts wie dat de terraskes no wat langer iepen meie sadat je dêr ek noch in hapke ite kinne as je dat wolle. Net dat it in grut diner wurde kin want dat krij je fêst net op foar acht oere.

Lêst lieten se op de tillevyzje sjen hoe gesellich en fleurich de minsken, op in terraske, sieten mei in drankje foar har en yniens moast ik doe tinke oan it drankje wêr se, goed tritich jier ferlyn, in reklamefilmke fan hienen. No bin ik net echt in reklame minske en meast sykje ik dan in oare sender op, mar der binne altyd útsjitters en dit wie sa'n bysûnder filmke dy gie oer it alkohol-frije drankje Crodino. Foar de aardichheit ha ik op internet efkes opsocht "reclame Crodino" en ja hear dêr wie it noch te finen en ik fûn it noch altyd in moai filmke.

It gie oer twa, wat âldere, steltsjes dy oan de bar sieten. 

 

It iene pearke bestelde foar beide in fleske Crodino en alhoewol de man der earst mar wat sleau by siet waard hy, nei it earste slokje, wer hielendal fereale op syn frou. Hy krûpte har oan en begûn har te tútsjen. De frou seach earst wat frjemd mar nei 't sy in slokje hân hie wie ek sy alhiel oerstjoer en de tosken klapperen har sawat yn 'e mûle om.

De man fan it oare pearke siet hast te sliepen oan de bar, mar de frou wie sa helder as in bij en hold it oare stel goed yn 'e gaten. Sy seach mei belangstelling wat er dêr barde nei 't se wat fan it drankje dronken hienen. Doe de ober dan ek by harren kaam en frege wat sy drinke woenen wiisde se nei it drankje fan de oaren en bestelde foar beide sa'n fleske. 

Hoe it fierder gie mei de steltsjes meie we sels betinke, mar dit reklamefilmke brocht my wol op in idee foar myn jierdei, dy der oan siet te kommen.

Yn 'e buert, wêr 't wy doe wennen, hienen wy foar gewoante dat de buorfroulju moarns om kofje kamen as je jierdei wienen en nei de kofje wie der dan noch in hapke en in drankje. 

It soe no net mear kinne, want hast alle froulju wurkje bû-tenshûs, mar doe wie dat sa net. It wie sels sa dat ik, goed fiiftich jier ferlyn, dien krige omdat wy trouwden want myn baas woe gjin troude froulju yn it tsjinst ha.

Hawar, tiden ha tiden. Foar myn jierdeifeestje ha ik doe wat fan dy fleskes kocht, want dat joech fêst wol wat fleur en aardige gespreksstof, tocht ik. Dy moarntiid nei de kofje frege ik wat de froulju drinke woenen.

Tafallich sei de earste: 'Wat hast?'

' Ik ha fan alles,' sei ik ' mar ik ha ek wat fleskes Crodino kocht.' 

' Wat is dat ek al wer?'

' Dat is dat alkohol-frije drankje fan de reklame dat dy twa steltsjes drinke oan de bar!' 

Drekst wisten se allegearre wat ik bedoelde en krekt sa as by de reklame seinen se:

' Jou my dat ek mar.' 

No kin ik net sizze dat we oars altyd mei trieste gesichten by mekoar sieten, mar it wie dizze kear  wol in hiel fleurich feestje en nei de tiid binne de froulju fleurich en mei reade hollen ôfstutsen.

 

It like wol as se by ús minstens in stik of trije wyntsjes of advokaatsjes hân hienen, mar dat wie sa net want der siet echt gjin druppel alkohol yn. Sa sjogge je mar wat de reklame al net dwaan kin. Ik ha letter nea fernommen as de manlju harren froulju dy jûns thús ek oars as oars oantroffen ha.

Doe myn man de jûns thús kaam seach er de lege fleskes stean en frege hoe it nije drankje smakke en foldien hie.

' Oer de smaak ha we it net hân, mar it hie syn útwerking wol want se wienen sa fleurich en we ha hiel wat ôflake. Mar der is noch in fleske oer, moast mar ris priuwe!'

Hy fûn der net folle oan, sei er. Tusken ús sein, hy is der ek net oars fan wurden mar dêr is hy ek te nuchter foar, tink ik.

Of it drankje noch bestiet of net, dat wit ik net en ik wol der dan ek perfoarst gjin reklame foar meitsje, mar miskien is it wol aardich om dat reklamefilmke nochris op te sykjen op internet. Jo sille der fêst ek om laitsje moatte en der miskien wol fleurich fan wurde. Hoe dan ek, as jo de kommende tiid ris in bakje kofje, tee of wat oars drinke, thús, op in feestje, op in terraske of wêr dan ek, dan hoopje ik dat it jo mar goed smeitsje mei en dat jo der mei nocht en wille, fleurich fan genietsje kinne.

Tsjoch!  

 

Etie Pasma, Hijum 2021