Algemeen

Column: It glêzen hart

In jier as wat lyn krige ik in glêzen hart yn moaie kleuren. Ik wie der bliid mei, want de jouster is my dierber. Mar it kaam op de sliepkeamer telâne en lei te ferstofjen op in kastsje. 

Oant hjoed myn each der op foel. Ik pakte it op en wreau it stof der ôf. Doe hâlde ik him omheech tsjin it ljocht, en seach  dat de kleuren folle moaier wiene as fan it hart dat op it kastsje lei. Dit hart moat yn it ljocht hingje, om sa al syn kleuren sjen te litten. 

Hast op itselde moment foel myn each op in posterke, wat ek al op de sliepkeamer syn plak fûn hat. “Moed heb je als je angstig bent, maar toch doet, wat je hart je ingeeft”. Alwer dat hart.

It hart, letterlik fan libbensbelang foar ús. It klopjende middelpunt fan ús lichem. Sekonde nei sekonde der foar soargjend, dat dat lichem funksjonearret, yn al syn fasetten.

It hart dat symboal stiet foar dat libben, foar de leafde, foar ferbining. 

Is in minske moedich as hy of sy docht wat syn hart him ynjout? Soms is der mar in bytsje moed foar nedich. De kar foar de leafste wurdt meastal dochs wol mei it hart makke. Yn myn gefal seker. Mar wie dêr moed foar nedich? As je jong binne, dan liket in takomst mei de man dêr’t je fereale op binne maklik, it liket sels in feest. Dus om dan jins hart te folgjen is net sa’n poepetoer. Miskien komt it just letter op mear moed oan, as bliken docht, dat dy kar mear swierrichheden oplevert, dan as yn earste ynstânsje tocht wie. Want nei dy iene kar, komt der hieltyd wer in moment dat der in kar makke wurde moat. De kar om bern te krijen ha wy al hiel gau makke, en lokkich krigen wy fjouwer sûne bern. De kar om mei in eigen saak te begjinnen, wie mear dy fan Nico. Mar 37 jier lyn wie der gjin hier op myn holle dy’t betocht, dat it miskien myn kar wolris net wêze koe. En sa makke ik dus deselde kar. Soms waard der in kar makke, dêrt ek wol de holle by te pas kaam. Fan Winsum nei Stiens, fansels wie it in moaie útdaging. Mar it hie ek wol te meitsjen mei in ekonomysk aspekt. 

De kar dy’t ik mei myn hart makke, doe’t ik foar Nico keas, hat fansels fan ynfloed west op myn hiele wurksume libben. Mar ik besef no, dat der ek oare keuzes wiene, dêrt mear moed foar nedich wie.

Wy steane no foar nije keuzes. It is de bedoeling, dat wy op 1 april 2022 de saak oerdrage oan Niels en Annefrouke. Nije mooglikheden, nije útdagingen, sawol foar ús as foar harren.

It kommend jier sil der in balâns komme moatte tusken holle en hart. Saaklike belangen moatte ek wol ris mei de holle beridde-neard. Mar: “moedig voorwaarts”.

Soms kin der eangst wêze om in bepaalde stap te nimmen. Unsekerheid, bang wêze om it fertroude te ferliezen, it spilet allegearre syn rol. En ik realisearje my, dat ik net faak fan dy grutte sprongen yn it djippe makke ha. 

Ik ha it glêzen hart ophongen op in plak dêrt ik it hingjen sjoch as ik de doar útgean. In hart, dat my syn prachtige kleuren sjen lit, no’t er yn it ljocht hinget. De prachtige kleuren, dy’t it libben ek jout, as men kieze doart, ek al is men deabenaud om de kar te meitsjen. Soms is in bytsje moed net ferkeard...

 

Ingrediënten fan in HARTige taart:

Deech: 

50 gr. bûter

400 gr. selsrizend bakmoal

150 ml. molke

1 tl. sâlt

Fulling:

10 ierappels

2 reade sipels

1 boskje peterseelje

250 gr. raspe tsiis

 

Ferwaarmje de oven foar op 180°C. Meitsje it deech, troch alle ingrediënten goed troch elkoar te mingen. Ferpak it yn plestik foolje en lis it in kertierke yn de koelkast. Rôlje it dan út en beklei de springfoarm der mei. Snij de seane ierappels yn plakken. Skyl de sipels en snij se yn heale ringen. Hakje de peterseelje fijn. Ferdiel de helte fan de ierappels oer de springfoarm. Doch de helte fan de sipels der oer en dan de helte fan de tsiis en de peterseelje. Dit nochris herhelje. De aaien losklopje mei de rjemme en op smaak bringe mei sâlt en piper. Dit mingsel oer de taartfulling jitte. De taart bakke yn ûngefear in oere λ

 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens. 

Zie ook de advertentie op pagina 2