Algemeen

Column: Knetterjende fonkerein

Sa’t it by ús wol faker bart, wurdt ús garaazje simmerdeis brûkt troch oaren dy’t harren spul in skoftsje kwyt moatte. Ek neat mis mei, om’t ús auto simmerdeis wol bûten stean mei. 

No hie ien fan de bern in skoft harren túnmeubels en oare dingen dy’t hja net nedich wienen by ús ûnder dak setten om’t se in nij bushokje efterhûs krigen. 

Foarige wike koe der wer wat romte makke wurde om’t hja troch feestlikheden harren “lounsset” brûke moasten. En om’t der romte kaam koenen wy ús eigen spul ek wer neisjen, fan wat der fuort koe as wat wer op ’e nij in plakje krije moast. Meastentiids wurdt it allegear wer teplak set en fan it fuortgoaien komt neat telâne. Dat hat mei myn ynstelling te krijen. Want ik gean der mar fan út dat ik it noch wolris wer brûke kin. Alle plankjes, hoe lyts ek, komme wer tsjin de souder oan. En ek spilet by my yn de efterholle, dat de bern der skielk miskien wol belang by hawwe. No is dat lêste my al ris útlein dat wat harren oanbelanget de kontener foar de doar komt. Mei oare wurden: Ik moat der sa njonkelytsen mar ôfskie fan nimme. 

No wienen wy wakker oan it fuortgoaien en dan kom ik ek wer dingen tsjin dêr’t ik gjin ôfskie fan nimme kin. Yn in doaske, dat ik tsjinkaam, siet smidswurk dat ik yn it skoaljier 1961/1962 op ’e ambachtskoalle op ’e Gordyk makke ha. 

 

 

 

It earste wat wy smeie moasten wie in kram. Ik wit it noch wol dat it yn de twadde klasse wie. Ik wit ek wol dat it net de earste kram wie dy’t ik doe makke ha. Seker is my ien kear it izer ferbaarnd. Us learaar Jaap Bergsma, begûn as smidsfeint op ’e klaai en him mei de tiid opwurke ta learaar, wie in knaap yn it smids-, plaat- en laskwurk en woe ek alles foar dy dwaan om it foar dy better te meitsjen. Mar hy wie op it ein as wy wer in hânfol slypsel fan de seachmasine op it fjoer smieten. Dan waard it in knetterjende fonkerein en tocht hy dat ien syn smeiwurk wer ferbaarne liet. Sommige dingen koe hy him ferskriklik oer opwine, lykas dat immen mei it laskjen syn wurkstik oan de lasktafel fêst laske. Mar de heechste straf krige immen dy’t mei de “bleate” hammer op it ambyld sloech. Bergsma soarge der wol foar dat dyjinge it letter net wer die.

Hokker sifer ik op de kram krigen ha wit ik net, mar neffens my is it foar myn dwaan in knap stikje smidswurk. In oar stikje smidswurk wie dat wy fan in plat stik izer fan oar-deltoms by healtoms twa heaken meitsje moasten. Dat wie in stik dreger. Hoewol wy hjir oeren op omslein ha wie it resultaat no net om oer nei hûs ta te skriuwen. Hokker sifer ik hjir op krigen ha wit ik net mear, Smeie haw ik altyd wol moai wurk fûn, wylst ik op myn rapport nea in sân helle ha. 

 

By myn earste baas op ’e Tynje gongen doedestiids ferskate boeren oer fan it  hynder nei de trekker. Dat hold ek yn dat oan alle ark wat efter de trekker kaam, bûten de heak fan it hynder, noch in each oan laske wurde moast. Ek doe haw ik noch gebrûk makke fan wat Jaap Bergsma my leard hat. We makken se by tsientallen om mar wat op foarrie te hawwen. 

Doe’t ik yn 1970 yn Stiens oan it wurk kaam waard my frege as ik ek smeie koe. Ja, ik koe smeie. Ik haw it witten want it earste dat ik dwaan moast wie ploechizers útsmeie, wylst ik noch nea in ploechizer sjoen hie. Dêrom ha wy  by Jaap Bergsma ek net it útsmeien fan ploechizers leard. It is allegear wer goed kaam, mar ik wie bliid dat der letter saneamde sels-skerpjende ploechizers kamen. Want in ploechizer útslaan is nochal wat dreger wurk dan in kram smeie. 

 

De kram en de dûbele heak fan sechstich jier âld ha ik mei de stielboarstel skjin skrabbe en bin der mei in oaljedoekje oerhinne gien. As hie ik se krektlyn makke. Se komme ek net wer yn de garaazje by de oare bewarre izerwurken, mar krije in plakje op myn wurkkeamer. Miskien dat ien fan de pakesizzers se letter graach ha wol, om’t dy der grutsk op is dat pake dat eartiids as jongknaap sels mei de hannen makke hat. 

Se komme yn alle gefallen net yn de kontener, want dan nim ik se leaver sels mei it fjûr yn. Wat sil it dan in knetterjende fonkerein wurde 

hfdp@kpnmail.nl