Algemeen

Column: Mizaru, Kikazaru en Iwazaru

Ik hie gjin idee, wa’t it wiene, Mizaru, Kikazaru en Iwazaru. Dochs kin ik se al hiel lang. Hast 60 jier lyn lies ik it boek fan “De trije stiennen aapkes”. En dat binne dus Mizaru (mei de hannen foar de eagen), Kikazaru (mei de hannen foar de earen) en Iwazaru (mei de hannen foar de mûle).  

De trije stiennen aapkes...ik fûn it in prachtich boek. Trije aapkes, dy’t libben wurde, om’t der in bern is, dy’t se libben winsket.  Aapkes, dy’t dan op aventoer geane, en fan alles belibje. Mar it rint net goed ôf. Neffens my belânnet ien aapke yn de daaikúp fan de bakker, en dan feroaret er wer yn in stiennen aapke. In oare fersillet yn in mûzefâle, en wurdt ek wer fan stien. Hoe as de lêste wer feroaret yn in stiennen aapke, wit ik net mear, mar op it lêst steane se alle trije wer op harren plak, fêstlime op harren sokkel.

Ik ha it boekje ergens yn de kast, ik sil it wer ris opsykje...

Hearre, sjen en swije, wa hat net fan de aapkes heard? Nei wat googeljen kaam ik der achter, dat se sa’n 500 jier lyn al yn Japan yn gebrûk wiene. Mar al lang dêrfoar wiene der û.o. ek yn Sjina al fergelykbere byldsjes. Mei itselde tema: sjoch gjin kwea, hear gjin kwea en sprek gjin kwea.

Men kin it ek omdraaie: sis allinne de goede dingen, hear nei it goede en sjoch nei it goede. Miskien moatte wy yn dizze tiid allegearre mar sa’n byldsje op de kast hawwe, mei syn oerâlde wiisheid. Wy libje yn in tiid, weryn minsken “koarte lontsjes” ha. Weryn minsken gûlend yn de rjochtseal stean, as se beseffe, dat se harren takomst yn gruzeleminten slein ha, letterlik.

Wy sjogge, hearre en sizze dingen, dy’t wy eins net sjen wolle, hearre wolle en sizze wolle. Wy ha ús miening oer oaren, dy’t net sa tinke as wy. Der binne ek oare ferhalen, fan minsken dy’t har net ynintsje litte, omdat der oars rúzje binnen de famylje komt. Of dy’t gewoan bang binne, foar hokker yninting dan ek. 

Wy hawwe allegearre sa gau in miening, foaral yn dizze tiid. In drege tiid, want hieltyd wer komme der beperkingen. It liket even “normaal” te wêzen, mar foardat men it wit, sit de heale wrâld wer op it slot. De oardel meter is wer in ferplichte ôfstân. De horeka, teaters, bioskopen, krije opnij in klap, om’t se jûns net mear iepen kinne. 

Moatte wy dan de eagen mar ticht dwaan, de earen slute en de mûle op it slot? Is dat it boadskip fan de trije aapkes? Wy kinne en meie ús net ôfslute fan wat der yn de wrâld om ús hinne bart. Mar wy kinne wol de ljochtpuntsjes der út pikke. Hearre nei posityf nijs. Sjen nei in prachtige sinne dy’t ûndergiet. En foaral net al te folle roppe en raze. Soms is it better om mar gewoan te swijen...

 

Spesjaal foar in lekkere Sinteklaasjûn in appel-spekulaastaart.

Ingrediënten:

200 gr. bûter

1 tl. sitroenrasp

155 gr. brune basterdsûker

1 snufke sâlt

300 gr. patentbloem

3 ytl. spekulaaskrûden

3 ytl. molke

1,5 kg appels

35 gr. kustard

kaniel

35 gr. kristalsûker

1 aaidjêrre

200 gr. mangelspijs

10 gr. bûter

3 ytl. abrikoazejam 

 

Spekulaas-appeltaartdeech:

Klopje de sachte bûter (200 gr.) mei de brune basterdsûker, de sitroenrasp en in snufke sâlt. Ming de bloem en de spekulaaskrûden troch elkoar. Doch it spekulaasmingsel by it bûtermingsel. As lêste de molke der by dwaan. Ming it koart en meitsje der in stevige deechbal fan. Lis dit minimaal in oere yn de koelkast.

 

De appeltaartfulling:

Skyl de appels en snij se yn partsjes van 3 à  4 mm dik. Doch de kustard, in bytsje kaniel en 35 gr. sûker der by en skodzje it goed om.

Ferwaarmje de oven foar op 175º (elektrysk) of 160º (hite lucht) Lis yn in springfoarm bakpapier en fetsje de sydkanten yn. Dêrnei bestruie mei bloem.  Beklaai de springfoarm mei it spekulaas-appeltaartdeech. Meitsje de spijs oan mei de aaidjêrre en 10 gr. Bûter. Rôlje der in rûne plak fan en lis dizze op de boaium fan de springfoarm.  Hâld 1/3 fan de appelpartsjes achterút. Ful mei de rest de taartfoarm. Druk se goed oan troch in panne der op te lizzen en dêr stevich op te drukken. Lis dan de rest fan de appelpartsjes yn in sirkelfoarm op de taart. Bak de taart yn 50-55 menuten gear. As er ôfkuolle is, bestrike mei abrikoazejam 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.