Algemeen

Hjoed bin ik foar it earst yn funksje as hûne-oppasser. In totaal nije tak fan sport foar my. In nije útdaging soe men it neame kinne...

As bern wie ik deabenaud foar hûnen. Neffens myn mem kaam it om’t de grutte hûn fan ús buorlju by my opsprong doe’t ik in jier as twa wie. En lytser as de hûn sels. It kin wêze dat it komt, omdat it ferhaal my faak ferteld is, mar ik ha sels ek noch in byld fan in grutte hûnekop dy’t ynienen neist my wie. Sels de réaksjes fan de minsken om my hinne mien ik noch te witten. De buorman lake der om, en ús mem skrok en wie lilk op de buorman, om’t dy syn hûn net better fêst hâlde. Sa sit it yn myn ûnthâld, en it kin wêze dat dêr myn lettere bangens wei kommen is. 

Mar it kin ek krekt like goed oan ús heit lizze. Dy hie ek it mier oan hûnen, hy wie der spookbang foar. As wy wiene te fytsen, kamen de hûnen ús ivich en erflik achternei, en hongen se by ús heit yn de bokse. Wy binne wolris werom gongen, as der wer sa’n ûndier op de dyk stie in ein fierderop. It frjemde is, dat ús heit fan boere-ôfkomst is, en dat se op de pleats altyd in hûn hiene. Der is noch in foto fan him as opslûpen jonge, mei de earm om de nekke fan de hûn, in herder!

Net te rimen. Mar ús heit hat syn fierdere libben altyd in hekel oan hûnen hân.

By my is dy eangst op in gegeven moment ferdwûn. Ik wit hielendal net mear wannear. Misskien wol om’t ik ek wol moast, as ik oan it besoargjen wie. Op de measte hiemen stapte ik gewoan op de doar ta, ek al rûnen der hûnen los om. Soms wol wat skruten. En noch net sa lang lyn stie ik foar in stek, mei dêrachter in pear hûnen, dy’t dúdlik merke lieten, dat it net de bedoeling wie, dat ik it hiem op kaam. Dat stie ek nochris te lêzen op in boardsje dat oan it stek spikere wie. Ja, en dan bliuw ik echt wol foar it stek stean en hoopje ik mar, dat der immen op it geblaf ôf komt. Wat lokkich ek it gefal wie.

Sa stadichoan is de ferhâlding hûn-Aeltsje dus redelik normaal wurden. Dus waard it hjoed tiid foar in nije útdaging: op de jonge stabij fan ús Pytsje passe. It skynt, dat sa’n bist net de hiele dei allinne litten wurden kin, en Pytsje en de freon moasten beide fuort. Kin mem oppasse? Dat hear ik fansels wol faker, mar dat is dan op in ukky fan in jier. Wol wat oars as in jonge hûn fan in heal jier, dy’t uteraard al yn de pubertteit sit.

Hy moast earst útlitten wurde. In healoerke. Even in rûntsje troch it (Ljouwerter) bosk. No, ik ha it witten. It waard hast in oere. Earst wie er hast net te hâlden, skeat er ek nochris ûnferwachte it fytspaad op, dat aldergeloks leech wie. De rym dus mar goed koart, want soks oerkomt jin net in twadde kear. Mar sterk dat sa’n bist is... Rjochting bosk waard it better. Nei de noadige stop koene wy fierder. Gelokkich hie ik twa pûdsjes mei en stie der fierderop in bak foar de hûnestront, dus dat gong bêst. Mar dan begjint it gesnuffel. Wat binne der in protte nijsgjirrige dingen ûnderweis, as men in  hûn is! Gjin idee wat it allegearre is, mar it sil wol wat mei oare hûnen te meitsjen hawwe. 

Ek soksewat: oare hûnen. Wat docht men, as men in oare hûn tsjin komt? Safolle mooglik út de buert bliuwe. Hast net te dwaan mei in hûn, dy’t hast sterker is as mysels...”Ze mogen wel even spelen”. No dat gong bêst, allinne wie de oare hûn minstens twa kear lytser. En sieten de rimen op in gegeven moment hielendal yn de tiis troch it gedraai. In nije ervaring dus. Foar de sekerheid ha ik elke kear mar roppen, dat ik de oppas wie (sûnder ervaring). Wat ek wol dúdlik wie neffens my. “De hûn prebearret dy út”, sei in oare hûne-útlitter. 

 Dat gefoel hie ik ek wol, earlik sein. Mar wy kamen wer heelhûds thús. Ik wit net wa’t mear syn nocht hie, de hûn of ik... De hûn leit no foar pampus. En ik ha genôch stof foar de kollum... 

Aeltsje de Groot