Algemeen

Mei in pear maten hie ik yn ’e maitiid fan 1966 ôfpraat om mei syn trijen yn de simmer fjirtjin dagen op de bromfyts mei fakânsje nei Skylge te gean. It like ús skoan ta om ek ris yn ús oerseeske gebietsdielen om te húsmanjen. 

Doe’t wy op kamping Cupido oankamen, dy’t sa’n bytsje tusken Midslân en West yn leit, ha wy earst de tinte oerein set. It wie noch wol in frij grutte tinte, dêr’t eventueel noch wol in pear jongfammen by yn koenen. Mar dat foel tsjin. Want jo kinne it jo no net mear foarstelle, mar doe waarden de bokken en de geiten noch skieden op de kampings. Der wie in kampke foar de jonges en in kampke foar de fammen en dêr tuskenyn wie in kampke dêr’t de húshâldings húsmanje koenen. 

As wy nei it kamp fan de fammen woenen dan moasten we troch it kamp mei it troude folk. Faak sieten der ek noch âldelju fan dy fammen tusken, en dy stienen hielendal op skerp. Dat kampke mei dat, foar ús âlde guod, koenen jo sa’n bytsje fergelykje mei in minefjild yn ’e oarloch. Der wie hast net trochhinne te kommen. Dy’t it al oprêde om troch it minefjild te kommen moast foaral syn waffel hâlde om foar te kommen dat hy trappearre waard. 

Der waard frij string de hân oan holden, want at se murken dat der in jongesstim út in froulju’s tinte kaam dan hienen jo it noch net ret. 

Inkele reis fêstewâl wie gjin útsûndering. 

Mei ús foel dat wol wat ta, want we kamen foar it feest en foaral foar it bier en hienen der gjin ferlet fan om tsjin in myn oan te rinnen.  

Sa’n earste dei is it in bytsje de kat út de beam sjen, mar de jûns wie it al direkt rekke. Want dyselde jûns kamen wy by Wyb, in kroech yn Midslân telâne. De kroech dêr’t alle jûnen in stikje muzyk spile en dêr’t se sa wiis mei ús wienen, dat we de hiele fjirtjin dagen fêste plakken krigen. “Gereserveerd” stie der op in taffeltsje. As der tafallich al oar folk oan it taffeltsje siet en wy kamen der yn, dan koenen hja mar romte meitsje. Aldere minsken moasten romte meitsje foar in pear snotnoazen. 

Yn myn lettere libben is der nearne wer ien foar my stean gien. Wyb wie de ienichste kroech op it eilân dêr’t in bandsje spile. Hoe’t se hjitten en wêr’t se weikamen wit ik net mear, mar ik wit wol dat se harren repertoire alle jûnen twa kear spilen, en dan hienen hja harren tiid noch net fol spyle. 

Oan de ein fan ’e jûn wienen it ek allinne mar fersyknûmers, sadat sommige ferskes wol trije as fjouwer kear spile waarden.    

Doe’t wy yn ’e earste nacht út de kroech set waarden, wie it hast net mear fertroud om op it brommerke te riden. It is slagge, mar freegje net hoe. It hat wol fuortendaliks de lêste kear west dat it bromfytske op Skylge brûkt is. 

Fan dat momint ôf hat ús dei-yndieling alle dagen gelyk west. We hawwe fjirtjin dagen yn itselde patroan libbe. No wienen wy wol wend om yn in bepaalde struktuer te libjen, mar op Skylge wie it in oare struktuer dan as dat wy thús wend wienen.

Moarns, ek wolris begjin fan de middei, ûnder de sproeier troch en dan nei Midslân om wat kofje en wat iten. Fan Midslân ôf gie de reis nei it strân. Op it strân de pine holle wat ferwurkje en wat pierewaaie, om dochs noch wat te fersieren. Fan it strân ôf wer nei Midslân, nei Wyb. Dêr de generale hâlde foar de jûn. Ut Wyb wei wat patat ite, en dan wer nei de tinte. 

Oankaam op de kamping meastentiids in foarôf sliepke en letter josels hielendal klearmeitsje foar it grutte feest fan de jûn. As it feest by Wyb ôfrûn wie dan moasten wy sjen dat wy it plak werom fine koenen op ’e kamping. Dat foel soms net ta. De taksy sette ús meastentiids by de yngong fan de kamping ôf en dan koe it soms noch in nuver o-heden wêze om de tinte te finen. 

En dat barde dan fjirtjin dagen lang. Fjirtjin dagen libje yn in trijehoekje op it eilân. Kamping, Midslân, strân. De “Bermuda” trijehoek fan Skylge.

Op de lêste dei waard alles wer op it brommerke fêstsetten en koe de weromreis begjinne. 

It hawwe in pear prachtige wiken west dêr’t it fakânsjejild foar it grutste part by Wyb efter bleaun is. Thúskaam bin ik fuortendaliks wer begûn te sparjen foar de fakânsje fan it jier dêrnei. It is wer Skylge wurden, Skylge ’67. Wy koenen itselde draaiboek brûke, om’t it program der krekt-en-gelyk út seach as it jier derfoar yn Skylge ’66 

(Ut Koarte ferhalen) hfdp@kpnmail.nl