Algemeen

Column: Sport yn ’e simmer,

Om dizze tiden hinne is der op it mêd fan de sport wer in protte te dwaan. De jongerein hat harren noch efkes útlibje kinnen yn lytse kompetysjes en op de televyzje is wer fan alles te belibjen wat sport oanbelanget. No haw ik it gelok dat ik fan in protte sporten hâld, útsein hokker dêr’t se mekoar op ’e bealch slaan. Mar ja, der sille genôch wêze dy’t harren dêr wol yn fine kinne.

Op ’t stuit sieten wy folop yn it fuotbaljen. No tennis en hurdfytsen. En dan komme de Olympyske spullen. Tuskentiids sille we ek noch wol nei in keatspartij moatte. Dan hoopje dat de kompetysjes wer útein sette.

 

It fuotbaljen begûn mei in dikke tsjinslach foar it Deenske team, dêr’t Eriksen op it fjild ynmekoar sakke en troch kordaat optreden fan spilers en medyske staf it libben wer oppakt hat. Wat wienen de spilers doe ynienen wer leaf foar mekoar. Spitigernôch hat it net sa lang duorre. It meast haw ik my ergere oan in Italjaan, dy’t nei in duel mei in protte bombaarje swier oandien op it fjild lizzen bleau. Mar doe’t de skiedsrjochter dêr net op reagearre, kaam hy ta myn fer-bjustering nei in skoftsje wer flot oerein en gie fierder as wie der neat bart. It soe  slim wêze as harren fan boppe ôf oplein wurdt om soks te dwaan. Tiid dat de regels oanskerpe wurde.  

Wat Nederlân oanbelanget wie it toernoai spitigernôch gjin sukses. Nei de fjirde wedstriid koenen se wer op hûs oan. Wat ynkomsten oangiet sille de Nederlânske fuotballers wol by de lêste acht sitte, wat fuotbaljen oanbelanget noch net. De oranje flachjes en “juigcapen” koenen al frij gau wer nei souder en wachtsje oant wannear’t se wer nedich binne. No is alles wer oan de kant en hoech ik my ek net mear te steuren oan it tiidrekken fan spilers en skiedsrjochters en it soms oant ferfelendst ta kommentaar fan saneamde saakkundigen.  

 

No kin ik my hielendal talizze op de Tour en hoech no ek net mear de nacht út te wachtsjen op “de avondetappe”. Jimme meie wol witte, dat ik in “fan” bin fan Jumbo-Visma. Spitich dat it harren, foaral yn it begjin, allegear wat tsjinsiet. It begûn al mei dat frommeske dat har pake en beppe in skoft net sjoen hie en mei in boardsje yn ’e hân fia de media sjen litte woe dat it noch goed mei har wie. Sy siet der ek net foar it hurdfytsen mar allinne om har berjocht yn de eter te krijen. Se hie it better mei reeksinjalen dwaan kinnen, dan hie de hiele Jumbo-Visma ploech net efter har boardsje hingjen bleaun. Se binne allegear wer op de fyts stapt en trochriden, hoewol se der folle slimmer oan ta wienen dan dy Italjaanske fuotballer dy’t nei in lytse minút út ’e dea opstie. Dochs koe it net ferhinderje dat de Tour foar sommigen doe al mislearre wie. Lokkich binne der noch in pear striders oerbleaun, dy’t harren ek sjen litten ha.

 

Sneontemoarn gie ik noch efkes nei it sportfjild yn Britsum om’t de bern harren slotdei fan it kuorbaljen hienen. Kuorbal? Ja, kuorbal, ien fan de moaiste sporten dy’t der is en ek mei de tiid meigien is om it attraktiver te meitsjen. Spulrigels dy’t oanpast binne en dêrom is der ek gjin gegriem by yngoai as frije bal. Aksje en oars net. Kuorballers binne sporters dy’t gjin trije kleuren hier en in lichem fol plakplaatsjes nedich hawwe om harren sport te bedriuwen. In sport dy’t by fierwei de measte bern al yn de genen sit, want wat docht in lyts bern dat in bal sjocht? Just ja, it pakt him op en goait him fuort.

Britsum kin grutsk wêze op harren kuorbalferiening dy’t lânlik yn de boppeste regioanen meidocht.

 

Doe’t ik myn rûntsje oer it sportkompleks die, sieten op it gersfjild in tal froulju oan in bakje kofje nei dat se harrensels ûnder leiding fan in saakkundige in goed oere lang yn it swit jage hienen. Ek in foarm fan sport en sûn tiidferdriuw. Neffens harren trener hienen se allegear de lêch út. Dat joech nochal wat konsternaasje ûnder de froulju en dêrom bin ik mar trochrûn. Sadwaande bin ik der net justjes efter kaam at de trener de froulju wer oan de lêch krigen hat, as dat hy harren útlein hat dat hy bedoelde dat sy de piip út hienen en doe noch mar in bakje naam hat. Mar ja humor heart ek by de sport, lykas in oare Italjaanske fuotballer dy’t mei in “big smile” in Belgyske kollega om ’e hals hong om oan de skiedsrjochter sjen te litten dat se mei in spultsje dwaande wienen. 

Sa kin sport, ek fuotbal, dochs moai wêze λ

 

 hfdp@kpnmail.nl