Algemeen

Fan ‘e moarn lies ik yn de krante in stik oer it ynfieren fan ekstra belesting op alles wer’t sûker yn sit. Dêrby in foto fan in skap fol mei allerhande koekjes, dêr’t sûnder mis in hiele protte sûker yn sit. Myn earste gedachte wie: prima. Wat dy koekjes op de foto oan belanget. Dêr kin ik persoanlik wol sûnder.

Mar it bleau dochs hingjen dat ferhaal, en ik betocht, dat it dochs wat minder simpel is, dan allinne wat mear belesting op koekjes en snoepkes. Ik freegje my ôf, hoe ‘t it safier komme kinnen hat. Dat it minskdom blykber twongen wurde moat om sûner te libjen, alteast nei de mjitline fan hjoed de dei. 

Sa’n 45 jier lyn wie ik by in lêzing fan Martien Lankester, dy’t doe krekt delstrutsen wie yn Iens. Hy wie in foarfjochter fan sûn en biologysk iten, hy hie doe sels al in biologysk restaurant yn Amsterdam hân. 45 jier lyn! Wat doe de measte minsken mear as frjemd yn de earen klonk, is no dochs wol bekend ûnder it grutte publyk. Wy wurde oan alle kanten oanmoedige om kant en kleare pakjes en pûdsjes mei ingrediënten foar it “lekkerder” meitsjen fan ús iten lizze te litten.

45 jier lyn begong de opmars fan dit soarte fan dingen neffens my pas echt op gong te kommen.

Yn dy 45 jier binne wy ek hieltyd oars begongen te iten. Nêst de Hollânske pot moast der “frjemd” iten op tafel komme. Rys mei beisop en resinen waard nasi. Brune beane mei spek chili concarne. Ieten wy earst makaroany mei tsiis en smack (of blokjes ham), ek dat waard hieltyd útwryksker en smakeliker. Mar dy smaken moasten wol ergens wei komme, en och, wat binne pûdsjes en pakjes dan maklik.

Lankester wist 45 jier lyn al, dat dit “gemaksiten” net goed wêze soe. Tefolle sâlt, tefolle sûker. Mar hy hat it doe net keare kinnen, hy moat him as in roppende yn de woastyn fielt ha.

Dochs is syn ferhaal my altyd by bleaun. Dat komt foaral, om’t er ús doe hiel bot warskôge tsjin de gefaren fan sûker. Eins is dat it iennige, dat ik noch wit fan syn ferhaal. Sûker. En it makke sa’n yndruk, dat ik fanôf dy dei altyd besocht ha om sa min mooglik sûker te brûken.

Gjin sûker mear yn kofje en tee om mei te begjinnen. 

Mar no’t ik tiid en gelegenheid ha om kritysk te sjen nei wat ik yt, sjoch ik wol, dat ik yn de ôfrûne 45 jier ek hiel faak de wei fan de minste wjerstân keazen ha. En dus ek wol mear sûker binnen krigen ha, dan miskien winsklik. 

Blykber sit it yn ús, dat wy swiet hawwe wolle. It begjint al jong. Ik sjoch it oan myn beppesizzer. Ek al wurdt der fan jongs ôf oan besocht sa min mooglik swiet te jaan, nei in pear jier is dat it leafste wat se ite. 

En no is it dus safier, dat wy dus aanst mear betelje moatte foar it swiet yn ús iten. Hoe komt it dan mei ús bakker? Moat dy straks by elk gebakje opjaan, hoefolle sûker der yn sit? Fanwege in staffeltaks op swiet iten? Moat hy de priis fan de koekjes safolle omheech dwaan, dat nimmen se mear ha wol? En hoe komt it mei ús Fryske sûkerbôle? Us hearlike swiete Fryskje produkt, straks net mear te beteljen? Hoe fier moat it eins gean? Earst moast der al minder sâlt yn de bôle. Dêr is elk no wol oan wend. Mar dat sjocht men net yn de beurs. Sûker is in oar ferhaal.

Rokerij is ek al net mear te beteljen, mar der binne noch altyd minsken dy’t wol roke. Soe dat ek net foar swiet iten jilde? Wa’t it ha wol, betellet wol. As dat mooglik is fansels. Soe it net sa wêze kinne, dat noch mear minsken yn jildproblemen komme? 

Hiene wy no allegearre mar nei Martien Lankester harke. Dan wie dit allegearre net sa noadich west. Wy hawwe it der sels nei makke. Hieltyd mear en mear. De skappen fol mei allerhande dingen, dy’t eins net iens noadich binne. Wa is straks de dupe? Wy net tink ik. Ik bin bang, dat it de lytse ûndernimmer is, dy’t elke dei mei passy syn gebak makket. Wêr’t wy fan genietsje meie, sa no en dan. Omdat wy soms in feestje fan it libben meitsje wolle. 

En hoe kin dat oars as mei in lekker gebakje?

 Aeltsje de Groot