Algemeen

Column: Utstelgedrach

Krekt lies ik yn in tydskrift, dat de Grykse filosofen Socrates en Aristoles der al in wurd foar hiene: akrasia. Wat “útstelgedrach” betsjut. Tagelyk jout it oan, dat dit dus in eigenskip is, dy’t minsken ek yn in fier ferline net frjemd wie.

Doe’t ik dit lies, wie ik al in heale dei mei útstellen oan de gong. Earst mar ris in bakje kofje, en de krante lêze. Dan earst mar even doese. Noch mar in bakje kofje. Mail neisjen. Tillefoan neisjen, bin der noch appkes fan de bern (der binne noch twa fan de fjouwer op fakânsje). Facebook lâns skrolle. In bakje kofje. Wer op de tillefoan, hé, ik kin ek lid wurde fan “Ald Grou”. Myn “twadde” wenplak, boppedat komt de famylje fan heite kant der foar it grutste gedielte wei.

Foardat men it wit, is men in oere fierder. Al dy foto’s fan earder tiden, der komt gjin ein oan.

It is alve oere west. Wat wask ophingje, en dan earst mar nei Ljouwert, de kat fan Pytsje moat ek op tiid iten ha. Juster binne wy der ek west, mar doe wie er yn gjin fjilden of wegen te bekennen.

It is moai waar, dus ik gean op de fyts. Earst fansels wer gjin poes, mar nei in skoftsje stoot er de keamer yn; ik hie de foardoar mar iepen set foar it gefal dat. No, dat is dan fijn. Poes jout him earst even del, mar wol even letter dochs wer nei bûten. No stiet der in rútsje foar him iepen, mar dat hat er blykber noch net yn de gaten. Kat troch it rút nei bûten litten. No mar hoopje, dat er ek troch dat rút wer nei binnen giet. Mar doe’t ik fuort fytste, siet er al wer yn de buert fan de foardoar, dat ik wit net…

 

Doe’t ik wer thús wie, earst mar  ite. Doe lei de Libelle  op de matte, en dan kin dy earst ek noch wol lêzen. Uteraard  ha ik it ferhaal oer útstelgedrach goed yn my opnommen!

It sil der wol mei te meitsjen ha, dat ik alles folle mear oan tiid ha as earder. Doe moast alles strak pland, om it op tiid klear te krijen. No “kin it altyd noch wol”. Dy notulen, och, se sitte der noch net op te wachtsjen. Dy kollum…kin oer twa dagen ek noch wol. Boadskipje? De winkels binne oant acht oere iepen. Ik ha de hiele simmer genietsje kinnen fan myn “nije” libben, it libben fan in pensionado. Ik ha noch genôch by de ein, en de dagen fulle har fansels. Mar troch de prachtige simmer komt men fansels wat yn in oare modus. In protte bûten, in protte fytse, farre, rinne.

En dan is it samar ynienen septimber, en binne der al wer wiken dat de aginda aardich fol stiet. Mar it fielt noch sa oan as simmer… 

 

Ik hâld mysels hieltyd mar foar, dat it straks wol oars wurdt. As it echt hjerst is. As wy net mear yn Grou op de kamping sitte. Dan sille wy oan de gong! Dan komt der regelmaat en oarder yn it libben.

Leauwe jimme it? Ik earlik sein net. Ik bin bang, dat der elke dei wol wer in hiele protte saken binne, dy’t earst moatte. Sa as krante lêze, mail neisjen, kofje drinke, lêze, tillevyzjeprogramma’s yn de werhelling sjen om’t ik jûns wer ris op stap moast, wer kofje drinke, tillefoan kontrolearje op al dy belangrike berjochtsjes.

Bin ik no te pessimistysk? Nei jierren struktuer is it miskien net ferkeard om in nije struktuer oan te bringen. Mar dat falt net ta. Sjoch boppesteande. Ik kin my wol foarnimme, dat de woansdei in dei is fan skriuwen. De kollum, of it nije projekt, dat ik yn de holle ha.

Dat ik ek in oare dei (of dagen) ha foar al dy oare saken der’t ik my noch mei dwaande hâld. Dat ik ek dagen iepen hâld foar omlummelje. Dat ik op dagen dat wy beide thús binne, ek tiid ha om mei Nico dingen te ûndernimmen. Dat is it ideale plaatsje dat ik yn de holle ha. 

Ik moat it noch sjen. Ik sil it listke mei oandachtspunten foar útstelgedrach mar út de Libelle helje en op de koelkast plakke. 

 

Soe it helpe? Dan moat ik yn elk gefal myn bêst dwaan. It is yn elk gefal hjoed dochs mar wer slagge om in kollum op papier te krijen. Lytse stapkes, stie dat ek net op dat listke? λ

 

Aeltsje de Groot