Algemeen

Column: Wa’t wol, dy kin

Omrop Fryslân stjoert dizze simmer op snein in programma út dêr’t Fryske senioaren oan it wurd komme. 

Hiel nijsgjirrich, ek om’t ik sommige fan harren persoanlik kin. Ofrûne snein wie Leny Dijkstra oan de beurt. Dochter fan Tetman de Vries, wol bekend by in protte lêzers. De útstjoering waard dien fanút Stiens. Dit plak hat dochs wol fan grutte betsjutting west foar frou Dijkstra. In part fan har legere skoalltiid brocht se dêr troch, en as krekt troude jonge frou kaam hja der wer te wenjen.

 

Dy legere skoalle wie fansels de âlde Master Hoogeveen-    skoalle, de grutte, twa ferdjippingen hege skoalle dy’t stie wêr 't no de Jumbo is. In ymponearjend gebou, dat op âlde foto’s oeral boppe út stekt. En by de âldere Stiensers fansels noch goed yn it ûnthâld.

 

Leny Dijkstra kaam dêr yn 1950 op skoalle. Yn itselde jier kaam myn heit fan de kweekskoalle, en syn earste plak wie Stiens, de Master Hoogeveenskoalle. Noch krekt gjin 21 jier jong, en dan fuort foar in klasse fan sa’n 25 bern, hiel gewoan yn dy tiid. 

Wat wie it noch in broekje, tink ik no. Mar wat hat er blykber al in yndruk makke. Want wat sei frou Dykstra? “Ik kaam dêr op dy skoalle. En wy hiene in master. Master, seine wy doe noch. Master Zantema”. Ik krige pikefel, doe’t ik dat hearde. Ik wist dat Leny de Vries by ús heit yn de klasse sitten hie, dat hie er wolris ferteld.  Mar dat er no sa eksplisyt neamd waard, dat die my wol wat. No ferjit men fansels de juffer of de master fan de legere skoalle nea wer. Se binne dochs wol hiel bepalend yn in belangryk part fan jins libben. 

Mar om dat dan 72 jier letter te hearren, oer jins eigen heit, is hiel bisûnder.

 

It liet my fuort ek wer sjen, hoe as myn heit wie: tige Frysk-sinnich. Ik ha it net fan in frjemd dus...Yn it Hollânsk in ferhaaltsje fertelle, dat de bern dan yn it Frysk neifertelle moasten. Ik tink no: wat hat er dat geweldich betocht. Want hy wie in fantastyske ferteller, dus de bern sil harke ha mei sân pear earen. En dan mocht ien fan harren dat wer nei- fertelle yn it Frysk. Sa brocht er net allinne it Frysk yn de klasse, mar hy learde de bern tagelyk ek om foar in groep it wurd te dwaan, om harren te uterjen. En syn motto wie dan: “wa’t wol, dy kin.” Dat dêr dan ek wolris fouten by makke wurde, heart der by.  Leny Dijkstra is it nea fergetten, dat hja it “mandje aan de arm” fertaalde mei “it mantsje oan de earm”, yn plak fan “it kuorke oan de earm”. Punt der ôf…

Sels ha ik trije jier by myn heit yn de klasse sitten. Doe wie er al haad fan de skoalle yn Doanjum, en krigen de klassen 4, 5 en 6 les fan him. Doe hoechden wy net mear Nederlânske ferhaaltsjes te fertalen yn it Frysk, want it wie in twatalige skoalle. Yn it earste jier krigen wy allinne mar Frysk: “Jan en Af”. Yn it twadde jier kamen de earste Hollânstalige boekjes: “Ot en Sien”. Ik wit noch dat moment dat dy boekjes útdield waarden en dat wy der yn lêze mochten. Der kaam in nije wrâld by, de wrâld fan in oare taal. Dochs liezen wy dat sûnder swierrichheden. Hoe as dat wurket yn in berneholle freegje ik my noch altyd ôf. Want wat wisten wy no fan it Hollânsk, wy hearden it amper. Miskien heechút ris op de radio. Mar wy liezen it, en snapten it…

 

Mar, werom nei master Zantema. In op en top ûnderwizer, tink ik no. Hy is it syn hiele libben ek bleaun, yn tsjinstelling oant syn broers, dy’t ek as ûnderwizer begongen, mar úteinlik by de Fryske Akadeemje en de Afûk einigen. “Dy kinne krekt wat mear as ik”, plachte ús heit dan te sizzen. No, dat tink ik dus krekt net. Want goed ûnderwiis jaan, is goud. Ik tink, dat it prachtige fertellen fan ús heit noch by al dy hûnderten learlingen yn it ûnthâld sit. Syn Frysksinnigens koe er oerbringe en mei-jaan. Fansels, ek hy hie syn fouten. Mar hy hat syn hiele wurksume libben bern ynspirearre. Troch de “master” dy’t er wie. Op syn begraffenis wiene âldlearlingen fan al de skoallen dêr’t er stien hat. Min of mear troch it tafal. Mar se wisten allegearre noch: “wa’t wol, dy kin.”

 Aeltsje de Groot