Algemeen

Countryfeest mei Kentucky Snake Oil yn Koarnjum

Lekker wat aksje op sneon 27 jannewaris om 20.00 oere yn De Bining te Koarnjum. In Country feest, neffens de bandleden.

Mei fiddle, banjo, kontrabas, gitaar en mearstemmich sang bringt Kentucky Snake Oil in miks fan Bluegrass, Country en Amerikana.

Swingende traditonal dêr ’st net stil by stean bliuwe kinst wurde ôfwiksele mei sfearfolle nûmers dy’t bylden oproppe fan klassike westerns.

Kentucky Snake Oil besteat út: Mario Kramer: sang /gitaar, Sebastian Meijer: Fiddle/sang, Douwe Dijkstra: Kontrabas en Wander van Duin: Banjo/dobro/sang.

De band spilet en ôfwikseljend repertoire mei ûnder oare nûmers dy’t ferneamd binne fan Johnny Cash, Bruce Springsteen, Hank Williams en Mumford en Sons. Bar is iepen tidens it optrede