Algemeen

Frijstelling behear en skeabestriding útsteld

De provinsje Fryslân sil, mei yngong fan 11 febrewaris 2021, de frijstelling foar it ferjeien en it bestriden mei stypjend ôfskot fan de paugoes, blesgoes en skiere goes tydlik útstelle. Fierders is it net tastien om wetterfûgels te ferjeien. 

Soks is nedich om’t der op it stuit troch it winterwaar net in protte iten is en der net in soad skûlplakken binne foar de bisten. De frijstelling sil opheft wurde as de helte fan de grutte wetters (foar it grutste part) frij fan iis is en as der yn de rin fan fjouwer dagen efterinoar gjin sprake mear is fan snie- of izelbedekking op syn minst de helte fan it Fryske grûngebiet.