Algemeen

Fryske skatten yn it grien: In útstalling oer stinzefloara en states yn Fryslân

It is in pracht gesicht yn de maitiid: de tunen en parken fan de Fryske states stean grôtfol bloeiende stinzeplanten. In wiere kleure eksploazje dy’t de ienris sa prachtige states opfleuren. De relaasje tusken stinzefloara en states is op syn minst sein bysûnder te neamen. By de útstalling 'Fryske skatten yn it grien', fan 13 july ôf te sjen by Tresoar, komt de besiker alles te witten oer dizze twa útsûnderlike Fryske fenomenen: stinzefloara en states.

Fryske states transformearren har troch de iuwen hinne fan te ferdigenjende toerstinzen ta wielderige lânhuzen mei byhearrende lusthôven. De unike stinzefloara is ûnskiedber ferbûn mei de states. Noch hieltyd biede de bol-, knol- en woartelstôkgewaaksen in prachtich kleurryk gesicht as sy yn de maitiid wer by’t soad boppe de grûn komme. Mar wêr komt de stinzefloara wei? En wêr kaam it idee wei om yn Fryslân lusthôven te bouwen! Hokker soarten fan stinzeplanten binne der? Op dizze en oare fragen jout de útstalling antwurd.

 

De útstalling is fan 2020 oant 2024 te besjen yn Tresoar en is in gearwurking tusken It Fryske Gea, Stichting Martenastate en Tresoar. De ynhâld kaam mei ta stân mei help fan de redaksje fan it boek ‘Stinzenplanten in Fryslân’ (2020). 'Fryske skatten yn it grien' foarmet de basis foar in rige lêzingen en dielútstallingen om it tema states en stinzefloara hinne.

 

De útstalling is fergees te besjen op de iepeningstiden fan Tresoar. Mear ynformaasje oer de útstalling is te finen op www.tresoar.frl.