Algemeen

Der is in doarp yn Fryslân dêr dogge de bern, as Sinteklaas mei syn Piten wer yn it lân binne, in Sinteklaas spultsje. Dat giet sa, de skoallebern fan de heechste groepen geane dan middeis, as it tsjuster wurdt, as ferklaaide Sint en Pyt by de doarren lâns, by de bern fan de legere groepen.

Se klopje mei de roe op de doar en as dy iepen giet dan roppe se: 'Wenje hjir ek stoute bern?' Dy jongere bern binne dan hiel bang en ferskûlje har efter heit of mem, mar dy witte wol dat it in spultsje is en sizze dat dêr echt gjin stoute bern wenje!

'De 'nep' Sint seit dan, 'Moai, dan moat Pyt mar even pipernúten struie!'   De 'nep' Pyt pakt dan in hânfol pipernúten en smyt dy nei binnen. Mar dan binne de bern net mear bang en gau sykje se al dy lekkere pipernúten op.

Yn de heechste klasse fan skoalle sieten Gjerrit en Renske en dy woenen ek sa graach Sinteklaas en Swarte Pyt boartsje. Dat mocht wol fan mem en dêrom hie dy de klean al klearsocht. Net echte klean fan Sint en Pyt, mar ferklaaiersklean. Foar Sinteklaas pakte se in wyt lekken en in bûnt tafelkleed út de kast dy se fêst sette mei feilichheids-spjelden en foar Swarte Pyt brûkte se in swarte maillot en in koarte broek fan harsels, dy se ek sa te pas makke. Se woe him net fermeitsje, want de oare simmer moast se him, mei moai waar, sels wer oan ha! Dan noch in sjaal en in muts mei in pear hinnefearkes der op en klear wienen de klean fan Sint en Pyt!

De bern makken sels in roe fan tûkjes mei in stikje touw der omhinne en de mijter knipten se út in kartonnen doaze en kleuren dy moai op. Foar de stêf brûkten se in angelstôk, mei in krul der oan fan in stik karton. De sek wie gewoan in sloop fan in kjessen. It koe de bern neat skele dat it âld spul wie, want it wie tsjuster, dus net ien seach dêr wat fan!

Alles lei no klear, mar se koenen noch net by de doarren lâns, want se hienen gjin pipernúten. Dy moasten se noch opsparje, want harren mem hie net genôch sinten om pipernúten te keapjen.

De oare bern hienen al by de doarren lâns west, mar sy moasten wachtsje oant se pupernúten yn de skoech krigen. Se hienen al ris in mandaryn en in oare kear in sûkelarje mûs mei in pear pipernúten krigen. Dy pipernúten bewarren se, mar it wie net genôch om dêr mei te strúien.

Op in kear út skoalle wei, kamen Gjerrit en Renske buorfrou tsjin, de mem fan Lyske, út groep 4. Buorfrou frege: ' Komme jim ek hast by ús te Sinteklaas boartsjen?' Renske sei: 'Wy moatte earst noch pipernúten opsparje, want dêr hat mem gjin sinten foar! Gjerrit sei lilk: 'Dat meist net sizze fan mem!' Renske helle har skouders op en sei: 'Dat wit ik wol, mar ik liich net, it is wol wier!' Buorfrou skrok, want se wist net dat se earm wienen. Se liet net merke dat se skrok en betocht dat se dy jûn in bryfke skriuwe soe oan Sinteklaas en dat se dat by de skoech fan Lyske lizze soe. Mar och heden, de buorfrou hie it drok en fergeat it. 

Mar dy nacht, doe 't se efkes wekker wie, kaam it har wer yn  't sin. Se gie se nei ûnderen, pakte yn de keamer pen en papier, gie sitten en soe begjinne te skriuwen, mar se skrok yniens sa, want se murk dat it gerdyn foar it rút beweegde en ûnder dat gerdyn seach se in skoech stean. Der is ien by my yn de keamer en dy stiet efter it gerdyn, tocht se. Mar yniens wist se it, dat wie fansels Swarte Pyt! 

Se liet niks merke en skriuwde: 'Bêste Sinteklaas, Gjerrit en Renske, fan hjirneist, wolle sa graach Sinteklaas boartsje, mar har mem hat gjin sinten foar pipernúten. Kin Swarte Pyt har jûn ek wat pipernúten bringe? Alfêst bedankt Sinteklaas en Swarte Pyt!'  Se lei it bryfke neist Lyske har skoech en gie wer op bêd en tocht dat it no wol goed komme soe.

En dat kloppe, want dy Swarte Pyt draafde gau nei Sinteklaas en fertelde dat er him ferstopje moast omdat Lyske har mem samar ûnder kaam en dat hy doe in brief fûn hie. Sinteklaas lies de brief en sei dat Swarte Pyt, Gjerrit en Renske twa pûden pipernúten bringe moast en dat er om him hinne sjen moast of se oars ek earne ferlet fan hienen. Dy Swarte Pyt die precies wat Sint sei. Gjerrit en Renske wienen de oare moarns sa bliid mei de pipernúten en harren mem wie al sa bliid. Want de fruitskaal op tafel, wêr oars allinnich mar wat rommel yn lei, siet yniens fol mei appels, mandarijnen en bananen! Dy moarn krigen de bern net allinnich in stik bôle en in beker molke, allyk as oars, mar se mochten ek elk in banaan op ite! 

O, wat wie dat lekker. It like wol feest, fûnen se. En ik fyn dat is ek sa. As Sinteklaas yn it lân is, dan is it gewoan feest!! In Sinteklaasfeest! Fine jim ek net? 

Etie Pasma, Hijum 2019