Algemeen

In soad oanfragen foar 500 euro regeling yn Noardwest

Fannút de regio Noardwest ( gemeenten Waadhoeke, Harns en Ljouwert ) binne nei in berjochtsje op de facebookpagina fan gemeente Waadhoeke in soad oanfragen kommen foar de 500 euro regeling .

Op 25 maaie 2021 is de provinsjale regeling út it Werstelpakket ' Lok op 1 : No , en Moarn " iepengien . De provinsje stelt , krekt as ferline jier , jild beskikber foar lytse iensumens- en leefberensinisjativen yn coronatiid .

Al dizze lytse positive aksjes fanút de mienskip , ha in grutte ynfloed op de leefberens yn ús provinsje . Yn dizze streek wie der romte foar 60 oanfragen en dy 60 binne yn rap tempo yntsjinne . Dêrmei is it plafond foar de regeling berikt en is der gjin romte mear foar om nije inisjativen betelle te wurden út dizze 500 euro regeling út it corona Needfûns fan de provinsje .

De regio Noardwest is de earste regio dêr ' t it plafond berikt is . De doarpen en stêden , dy ' t ien of mear oanfragen dien hawwe út de regio binne ûnder oaren : Stiens , Warten ,Snakkebuorren, Friens, Wytgaard , Hjerbeam , Easterbierrum , Dronryp , Sint Jacobiparochi, Wergea , Sint Anne , Reduzum , Klooster-Lidlum, Harns en Ljouwert .

Deputearre Klaas Fokkinga: “De Fryske Mienskip hat sin om elkoar wer te moetsjen en der wat moais fan te meitjsen dizze simmer. It is prachtig dat wy dêr as provinsje oan bydrage meie.”

Yn de oare regio’sis it plafond noch net berikt en kinne noch oanfragen yntsjinne wurde .