Algemeen

It giet oan en it sil heve

Op freed 1 desimber om 20.00 oere hâldt de Kon. IJsclub Stiens de jiergearkomste foar de leden. It bestjoer sil harren leden wer byprate oer it takommend  “winterseizoen” en sjogge ek wer werom nei ôfrûne jier.

Der ha ferskate gearkomsten west mei oa de keatsclub , it stiftingbestjoer en ek mei it gewest Fryslan, it bestjoer hâldt jim op de hichte en hat it fêstlein yn it jierferslach. Om wat mear leden te ûntfangen hawwe we Willie Aarts útnoadige om wat te fertellen oer de IJsselmeertocht fan 1996. Oant freed 1 desimber yn it Span yn Stiens