Algemeen

Fertelling, live muzyk, foardracht.
It Voluspa Projekt bringt de Noardske mytology nei it doarpshûs ‘De Kampioen’ te Hijum.

It Voluspa Projekt is in gearwurking fan aktrise Eke Born, muzikant Rutger Dijkstra en skriuwer Willem Schoorstra. De Voluspa, of De profesij fan de sjnneres, is it iepeningsliet fan de Alde Edda.
De Edda is in sameling goade-en heldelieten ùt Yslan. It wichtichste dêrfan is de Voluspa. Dêryn ferhellet in Sjenneres, Volva, de hiele skiednis fan de wrâld, fan de skepping oant de ein, Ragnarok. De Voluspa sil yn it Frysk oer it fuotljocht brocht wurde. Yn kombinaasje mei de muzyk ûnthjit de foardracht in bysûnder barren, kleure fan in mystike, sjamanistyske sfear. Behalve mei De profesij fan de sjenneres komt It Voluspa Projekt ek mei prachtige muzyk en proaza fertellingen.

Foar in bysûndere middei yn noardske sfearen by ùs yn De Kampioen te Hijum.
Snein 13 oktober om 15.30 oere.