Algemeen

Stipe foar skoallen dy’t Fryske groepsakkommodaasjes boeke

Fryske skoallen dy’t harren wurkwike of edukative dei-ekskurzje by in Fryske groepsakkommodaasje boeke, kinne dêr subsydzje foar oanfreegje. Dat makket ûnderdiel út fan it twadde werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ fan de provinsje. Skoallen kinne fan 15 juny ôf in subsydzje-oanfraach yntsjinje. Der is mei-inoar in heal miljoen euro beskikber. It subsydzje is bedoeld foar alle skoallen fan it fuortset ûnderwiis, mbo en hbo yn Fryslân.

No’t koroanamaatregels hieltyd soepeler wurde, binne ek hieltyd mear groepsaktiviteiten mooglik. Sa kinne skoallen wer tinke oan it organisearjen fan wurkwiken en dei-ekskurzjes. Om Fryske ûndernimmers mei groepsakkommodaasjes te stypjen, kinne skoallen dy’t harren wurkwiken by in Fryske groepsakkommodaasje boeke foar finansjele stipe yn oanmerking komme. Ek in sylskip fan de brune float wurdt by de groepsakkommodaasjes rekkene. Fierder kinne groepsekskurzjes yn oanmerking komme as sy in edukatyf karakter hawwe, yn Fryslân hâlden wurde en troch in Fryske ûndernimming organisearre wurde. It subsydzje is ûnderbrocht by de ‘Subsidieregeling verblijf en groepsexcursie 2021’.


Deputearre Avine Fokkens-Kelder: “Wy wolle ús skoallen stimulearje foar wurkwiken groepsakkommodaasjes en de brune float yn Fryslân te boeken. Dat soarget foar ekstra ynkommen foar dy troch koroana swier rekke bedriuwen. En foar de jongerein binne wurkwiken en groepsekskurzjes sosjale en learsume aktiviteiten.”

Toerisme Collectief Friesland (TCF) soarget derfoar dat belangstellende skoallen en ûndernimmers mei elkoar yn kontakt komme. Wa’t it earst yn ‘e roef komt hat kâns fan plak. It subsydzje kin oant 1 novimber 2021 oanfrege wurde. De te subsidiearjen aktiviteit moat yn de perioade fan 1 juny 2021 oant en mei 1 juny 2022 syn beslach krije.

Skoallen kinne foar mear ynformaasje en om harren oan te melden op de webside fan de provinsje terjochte: www.fryslan.frl/verblijfenexcursie