Algemeen

TE SJEN BY DY YN DE BUERT: TEATERFOARSTELLING BINGO!

De teaterfoarstelling BINGO! - In monolooch fan Tamara Schoppert - spilet dizze wike by dy in de buert. Op sneon 28 jannewaris is BINGO! om 20.00 oere te sjen yn De Bining yn Koarnjum.  

Kaarten binne te bestellen op de webside fan Tryater, telefoanysk 058-2539550 of fia kaarten@tryater.nl

Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt stoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts hoe suterich har mem blykber wenne. Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Dy stiet ynienen yn in hiel oar ljocht. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’

BINGO! is ûntwikkele op inisjatyf fan Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS.frl) troch teaterkollektyf Ploech en eide en spile earder dit seizoen yn in Nederlânsktalige ferzje op Festival Overmorgen fan de Fryske teaters. Tryater hat it stik oer earmoed en iensumheid omearme en bringt de Frysktalige ferzje nei ferskate lokaasjes yn Fryslân. De foarstelling is ek geskikt foar wa’t net fan it bingo-spul hâldt.