Algemeen

Toanielferiening Pro Rege Holwerd spilet op 2 febrewaris yn de Kampioen yn Hijum!

Wy, toanielferiening Pro Rege út Holwert bestean dit jier 85 jier en wy spylje dit winterskoft de klucht “In frou fan fiif miljoen”, en hjir mei hawwe wy de Fryske première. It stik is skreaun troch Pol Anrys en oerset troch Gurbe Dijkstra.

Yn novimber hawwe wy ús publyk yn Ferwert en fan de Fryske Krites Apeldoorn, Hurderwyk en Lelystêd al in jûn hearlik laitsen besoarge en dat wolle wy  troch sette yn it nije jier.Wy ha yn jannewaris al 2 kear yn eigen doarp spile en nei de Krite yn Den Helder west en no organisearje wy foar de 5de kear alwer in foarstelling yn de Kampioen yn Hijum op 2 febrewaris.

 By Swa’ is in restaurant, ergens yn Fryslân en Francois, de eigener, is in poerbêste sjef-kok. Geraldine is syn takomstige frou. Francois kin fan syn omke erve mar allinnich as hy mei Geraldine trout, mar wol Francois wol mei har trouwe?

Hy hat mear each foar Claudia, de tsjinster fan it restaurant, mar sy hat in relaasje mei barman Tom.

Der is allegear argewaasje yn de keuken, nuvere ûngemakjes en de ynspeksje fan folkssûnens dy’t lâns komt. Wat hawwe keukenhulp Isabelle en har suster Albertine by it ein en wa is dy Italiaan dy’t gjin wurd Frysk ferstiet? 

In spul fan ferwarring, in kleaune fan yntriges...hoe sil it komme mei Francois syn restaurant?

 Kaarten kin reservearre wurde by Johanna van der Meij (06-10417860)