Algemeen

Toanielselskip It Sil Heve spilet “In frjemde fûgel”

Toanielselskip “it sil Heve” út  Skingen-Slappeterp spilet op sneon 23 febrewaris om 20.00 oere en op sneontemiddeis 2 maart om 14.00 oere (mei tsjerklike gemeente Rie-Skingen e.o.) de klucht “In frjemde fûgel” fan Peter Damen yn it Frysk oersetten troch Jikke de Haan, yn it doarpshûs Op Healwei yn Skingen-Slappeterp.

Arend-Jan is in fanatike fûgelman en praat oars net as oer fûgels. Op in dei rint der de fleurige Merel ûnderstboppen die derby har ankel ferkloft. Hy fielt him skuldig en nimt har mei nei hûs. Mar Merel sjongt in oare taal dan dat de famylje wend is. Doch derby in notaris die min nijs bringt, in beppe, in butler die mear each hat foar de drankkammenet en de oerbuorfrou en it stik is kompleet. Koartsein: in kluchtich toanielstik mei faasje en frjemde fûgels mei ferskillende fearrepakken.

Kaarten kinne besteld wurde by: Tineke Roest tillefoan 0518-452061 as fia de mail tinekeroest868@gmail.com.