Algemeen

Trije ton ekstra foar programmearring kulturele aktiviteiten

Kulturele ynstellings yn de provinsje Fryslân lykas poppoadia, teäters, musea, film- en doarpshuzen kinne aanst ekstra stipe oanfreegje yn de programmearring. Ut de regeling, ‘Programmeringsimpuls culturele activiteiten Fryslân’, ûnderdiel fan it twadde provinsjale werstelpakket, komt trije ton beskikber foar it programmearjen fan aktiviteiten yn koroanatiid. De regeling giet op 15 septimber iepen en rint oant en mei 15 desimber 2021.

Navarone in Iduna. Foto:Wietske Elzinga 

Koroana hat in grutte en bliuwende ympakt op de leefberens en de kulturele sektor yn Fryslân. In soad kulturele aktiviteiten binne hieltyd wer útsteld of ôfsein, en de ein fan de needhelp komt yn sicht. De programmearringsregeling wol oan de wichtige rol dy’t oanbieders fan kulturele aktiviteiten yn Fryslân ha temjitte komme.

 

De regeling rjochtet him op lytse en middelgrutte oanbieders. Troch it finansjele risiko op it mêd fan programmearjen te ferleegjen, moat it finansjeel helber wurde om kulturele aktiviteiten oan te bieden, wylst der rekken hâlden wurde moat mei de koroanamaatregels. De regeling moat bydrage oan in ferskaat oanbod, wêrby’t ek lytse, minder bekende of eksperimintele aktiviteiten boekt wurde.

 

De programmearringsregeling is part fan it twadde koroanawerstelpakket ‘Lok op 1. No & Moarn’. Yn dat pakket is mei-inoar € 10 miljoen beskikber foar kultuer, gastfrijheidsekonomy en leefberens. Yn ‘e mande mei de subsydzjeregeling ‘Kleine cultuurinitiatieven Fryslân’ (foar Fryske makkers) moat de programmearringsregeling soargje foar in ekstra ympuls oan de kulturele sektor yn koroanatiid. Der kin in bydrage oanfrege wurde foar losse aktiviteiten, mar ek foar in searje fan aktiviteiten. It subsydzje wurdt takend op folchoarder fan ûntfangst fan de oanfragen.