Evenementen

Algemeen - De Martinustsjerke Bitgum 350 jier

Adres
Locatie Martinustsjerke
Plaats Bitgum
Evenement informatie
vr 09 december t/m za 10 december 2022
Categorieën Algemeen

Krystmerke freed 9 en 

sneon10 desimber

fan 16.00 oan’t 21.00 oere.

 

Noch ien kear dit jier skitterje wy letterlik en figuerlik  yn de Martinustsjerke yn Bitgum.

Skitterje mei in beheind kryst-merkje, dy’t fersoarge wurdt troch minsken út ús eigen doarpen.

Sy sille harren produkten en sels makke kryststikjes en wat al net mear op de lytse krystmerke yn de tsjerke oanbiede.

Yn it koar fan de tsjerke is in útstalling fan kryststâltsjes,  ynbrocht troch ús eigen doarpsbewenners fan Bitgum en Bitgummole en Ingelum.

Dit alles sil plakhawwe yn de tsjerke dy’t alhiel oanpast is yn de krystsfear.

Der is in hoekje om even oan de winter te priuwen mei in winters slokje, bakje kofje, tee of sokssawat.

Komt dit sjen en priuw de sfear, tagong fergees.